Rein Strikwerda
Appearance
Rein Strikwerda (Frjentsjer, 3 juny 1930[1] - De Bilt, 23 oktober 2006) wie in Nederlânske ortopedysk sjirurch dy't ynternasjonale bekendheid krige troch it sekuer omskriuwen fan meniskusletsel en de fuotbalknibbel en it behanneljen fan dizze blessueres.
Hy begûn syn súksesfolle karriêre as clubarts fan de fuotbalclub Go Ahead Eagles en wie letter ûnder oare aktyf by FC Utrecht.
Strikwerda hat trije boeken oer sportgenêskunde útbrocht. Ek skreau er jierrenlang kollumns foar it tydskrift "Voetbal International" oer (de gefolgen fan) sportblessueres.
Rein Strikwerda ferstoar op 76-jierrige leeftiid.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Het doping probleem, 1968, Vereniging voor Sportgeneeskunde - De Haach, gjin ISBN
- Compendium orthopedie, 1972, útjouwerij De Tijdstroom - Lochem, ISBN 906087577X
- Blessuretijd, 1999, útjouwerij Rap, ISBN 9060057694
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |