Reginald fan Crawford

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Reginald fan Crawford
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
nasjonaliteit Royal arms of Scotland.svg Skotsk
bertedatum 12??
berteplak ? (Skotlân)
stjerdatum mids febrewaris 1307
stjerplak Carlisle (Ingelân)
dynasty Hûs Crawford
etnisiteit Flag of Normandy.svg Normandysk
Flag of Scotland.svg Skotsk

Reginald fan Crawford (Ingelsk: Reginald de Crawford of Reginald Crawford; yn Skotlân, 12?? – Carlisle (Ingelân), mids febrewaris 1307) wie in Midsiuwsk Skotsk ridder fan mingd Normandysk en Skotsk komôf, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy waard yn 1307, nei de Slach by Loch Ryan, kriichsfinzen nommen en eksekutearre.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer Crawford is net sa'n protte bekend. Hy moat yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw yn Skotlân berne wêze. It is mooglik dat er besibbe wie oan de Ronald fan Crawford dy't troch de Ingelsen ophongen waard yn 'e Skuorren fan Ayr, mar dy eventuële famyljebân is ferdizene troch brekme oan gegevens en lettere legindefoarming.

Doe't Skotlân nei de nederlaach fan it Skotske leger yn 'e Slach by Dunbar yn 1296 ûnder Ingelsk bestjoer kaam te stean, waard Crawford oansteld as sheriff fan Ayr. Yn juny 1297 wied er ien fan ferskate Skotske eallju dy't troch de Ingelsen frijlitten waarden yn ruil foar in ûnthjit dat se tsjin 'e opstanneling Andréas fan Moray stride soene. Dat suggerearret dat Crawford him yn maaie 1297 by de rebûlje fan William Wallace oansletten hie, mar dat er him op 7 july, yn 'e mande mei û.m. Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, Robert Wishart, biskop fan Glasgow, en Robert fan Bruce, greve fan Carrick, by de saneamde Kapitulaasje fan Irvine, oerjûn hie oan 'e Ingelsen.

Nei't de greve fan Carrick him ein maart 1306 te Scone ta kening Robert I fan Skotlân kroane litten hie, ûntjoech Crawford him ta ien fan syn oanhingers. Yn febrewaris 1307, doe't hiel Skotlân suver noch troch de Ingelsen behearske waard, diene de nije kening en syn folgelingen yn twa groepkes in ynfal yn it súdwesten. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it Kastiel fan Turnberry en sette yn Galloway útein mei in guerrilja-oarloch.

It oare legerke, besteande út 'e bemanningen fan achttjin galeien, yn totaal sa'n 1.000 man, kaam in ein súdliker oan lân, by Stranraer. Oan it haad fan dizze kloft stiene de beide jongere bruorren Aleksander en Tomas fan Bruce, Crawford en Malcolm MacQuillan, hear fan Kintyre. Hja waarden lykwols al rillegau ynsletten en nei de Slach by Loch Ryan, op 9 en 10 febrewaris, ta oerjefte twongen troch pleatslike troepen ûnder Duncan MacDowall, in oanhinger fan Jan fan Comyn, greve fan Buchan, de aartsrivaal fan Robert fan Bruce.

Krekt as Aleksander en Tomas fan Bruce waard Crawford oerbrocht nei Carlisle, yn noardlik Ingelân, dêr't er mids febrewaris 1307 troch ophinging eksekutearre waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.