Springe nei ynhâld

Redcap

Ut Wikipedy
Hermitage Castle, dêr't Robin Redcap omdoarme hawwe soe.

In redcap (Ingelsk foar "readkap" of "readmûtse") is in soarte kweadaardige, moardsuchtige eardske dy't foarkomt yn 'e folkloare fan 'e grinsregio fan (noardlik) Ingelân en (súdlik) Skotlân. Sokke mytyske wêzens wurde benammen assosjearre mei plakken dy't it toaniel wiene fan tiranny, wreedheid en boasaardige dieden. Redcaps wurde sa neamd om't se nei it fermoardzjen fan harren slachtoffers harren holdeksels (almeast foarsteld as puntmûtsen) yn it bloed fan it slachtoffer dippe soene. Oare beneamings foar dit type eardske binne sadwaande redcomb ("readkaam") en bloody cap ("bluodderige mûtse"). Soms wurdt de Redcap ynstee fan as type eardske ek wol foarsteld as de eigennamme fan ien beskate yndividuele eardske.

Redcaps wurde ornaris foarsteld as koarte, grouwe âlde mantsjes mei lange, útstykjende tosken, meagere fingers mei kloeren oan 'e úteinen (as fan rôffûgels), grutte fjoerreade eagen, en ûnhuer hier dat oer harren skouders hinne falt. Se drage mei metaal besleine learzens oan 'e fuotten en in reade puntmûtse op 'e holle. Faak binne redcaps bewapene mei in piik of spear. Redcaps lokje wurge reizgers nei harren skûle ta, mar wannear't sa'nent dêr yngiet, bekûgelet de redcap him mei grutte stiennen oant er it bestjert. Nei de stienniging weakket de redcap syn mûtse yn it bloed fan syn slachtoffer, sadat it holdeksel in reade kleur kriget. Neffens de folksferhalen binne redcaps ûnfetber foar minsklike krêft, mar se kinne ferjage wurde troch lûdop út 'e Bibel te lêzen of te sitearjen, of troch bedriging mei in krusifiks. De redcap jout yn sokke gefallen in wanhopige gjalp en ferdwynt yn in flits fan flammen, wêrby't inkeld ien grutte tosk efterbliuwt.

In ferhaal oer in redcap út Perthshire stelt it wêzen foar as in folle goedaardiger âldmantsje, dat in keamer bewennet dy't him heech yn it Kastiel fan Grantully befynt. Hy skinkt gelok oan minsken dy't him sjogge of hearre.

Yn 'e ruïne fan Blackett Tower, in grinskastiel dat foarhinne eigendom wie fan 'e famylje Bell, yn 'e parish Kirkpatrick-Fleming yn Dumfriesshire, libbe neffens de folkferhalen in wêzen dat Old Red Cap of Bloody Bell hiet. Dat wie lykwols in folle 'tradisjoneler' spûk. In beskriuwing fan 'e toer en it spûk waard jûn troch William Scott Irving yn it gedicht Fair Helen. Dêryn wurdt beskreaun hoe't "de ûnhuere geast" in bluodderige dagge fêsthâldt ûnder in reade moanne.

Neffens de njoggentjinde-iuwske folklorist William Henderson wie de dunter of powrie in oar soarte wêzen as de redcap, hoewol't dy beide wol sterk opinoar lykje. Krekt as de redcap bewennet de dunter âlde grinskastielen en -tuorren, mar syn wichtichste aktiviteit is it meitsjen fan in lûd as fan it rûpeljen fan flaaks of it terskjen fan koarn. As dat lûd langer as gebrûklik duorret, soe it in foarteken fan dea en ûngelok wêze. Neffens it folksleauwe út 'e Ingelsk-Skotske grinskrite soene de grinskastielen boud wêze troch de Pikten, dy't de fûneminten baaid hawwe soene yn it bloed fan 'e slachtoffers fan minske-offers. Dat soe resultearre hawwe yn it omspûkjen fan 'e dunters, mei't sawol it bestean fan dunters as dat fan redcaps gauris útlein wurdt as it fuortlibjen fan 'e geasten fan 'e slachtoffers fan sokke fundearringsoffers.

De term redcap komt ek wol foar yn algemienere sin, benammen yn oare dielen fan 'e Britske Eilannen. Sa wurdt yn it doarp Zennor, yn Cornwall, ornaris nei alle ierdgeasten ferwiisd as red-caps, ek nei goedaardige wêzens. Dat soe komme fanwegen harren foarleafde foar it dragen fan griene klean mei reade holdeksels. Dat skaaimerk wurdt ek neamd yn it gedicht The Fairies ("De Ierdgeasten") fan 'e Ierske dichter William Allingham: Wee folk, good folk / Trooping al together / Green jacket, red cap / And white owl's feather ("Lytse lju, goede lju / Allegear gearkloftsjend / Grien jaske, reade mûtse / En wite ûlefear").

Robin Redcap en Willem fan Soulis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in bekend (mar fansels net op wierheid berêstend) folksferhaal út 'e Skotske grinskrite soe de histoaryske, Midsiuwske ealman Willem fan Soulis in tsjoender west hawwe, dy't yn syn kweade macht stipe waard troch in redcap dy't syn liedgeast wie, en dy't Robin Redcap hiet. (Net te betiizjen mei de ûndogenske hobgoblin Robin Roundcap út 'e folkloare fan Yorkshire.) Robin Redcap wenne mei Soulis yn Hermitage Castle en soe in protte kwea en skea oer de lânerijen fan syn master brocht hawwe. Uteinlik soe Soulis nei de Ninestane Rig brocht wêze, in stienrûnte yn 'e neite fan it kastiel, dêr't er yn lead beteard en deasean wêze soe. Yn it echt waard Soulis finzenset yn it Kastiel fan Dumbarton, dêr't er stoar nei't er syn mandéligens bekend hie by in gearspanning yn 1320 tsjin kening Robert de Bruce.

Yn syn wurk Minstrelsy of the Scottish Border tekene sir Walter Scott yn 'e njoggentjinde iuw in ballade op dy't skreaun wie troch John Leyden. It liet hat as titel Lord Soulis, en fertelt hoe't Robin Redcap syn master ûnkwetsberens tsjin wapens skonken hat. Hysels libbet yn in kiste dy't op 't slot dien wurdt mei trije grouwe hingslotten. Neffens de begeliedende ynformaasje dy't tafoege waard troch Scott soe de redcap in soarte fan mytysk wêzen wêze dat omspûket yn âlde kastielen. Neffens him soe yn eltse ruïne yn súdlik Skotlân wol sa'n wêzen wenje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.