Redbad II
Appearance
Redbad II is ien fan 'e legindaryske keningen fan 'e âlde Friezen, dy't nei alle gedachten net echt bestien hat, mei't der gjin betroubere histoaryske boarnen oangeande him binne. Hy soe libbe hawwe fan 760 oant 786, en soe in soan west hawwe fan 'e krektlyk legindarysk Aldgillis III. Redbad II soe kening west hawwe oer de Fryske eilannen en Easterlauwersk Fryslân (Grinslân en East-Fryslân). Nei syn dea yn 786, soene de Franken it gânse Fryslân anneksearre hawwe. Neitiid waarden de Friezen ûnder twang bekeard fan it heidensk leauwe ta it kristendom.