Springe nei ynhâld

Readhûs

Ut Wikipedy

It Readhûs, ek Dambitzhûs, De Reade Hoas en De Hoas wie in state yn Minnertsgea, gemeente It Bilt, op de hoeke fan de Tsjillen en de Tilledyk. Op it steed stiet no in wenhûs.

It hûs wurdt foar it earst neamd yn de santjinde iuw. Om 1630 hinne wenne Valerius fan Dambitz dêr, berne yn 1602 yn Lichtaard yn Ferwerderadiel. Hy kaam dêr mooglik te wenjen fanwege in hege funksje yn it gritenijbestjoer fan Barradiel, dat doetiids yn Minnertsgea siet en earst in skoft letter, neidat it gritenijhûs ôfbaarnd wie, nei Seisbierrum oerpleatst waard.

Valerius naam it net sa krekt mei de houlikstrou, want hy krige in soan út in bûtenechtlike relaasje mei Grytsje Tjetses, dy't Ruurd neamd waard. Om't der út it houlik fan Valerius gjin bern kamen, hat hy Ruurd op in stuit wettige. Dat hy neamde him sûnt dy tiid Ruurd fan Dambitz.

Ruurd fan Dambits troude mei Saepcke Evertsendr. fan Unia. Se krigen sân bern, dêrfan ervet de jongste soan Ernst wol hast wis de state. Ernst wie kaptein fan in kompanjy ynfantery yn it kampemint fan Doornik. Hy is krektas syn heit, pake en oerpake yn de tsjerke fan Minnertsgea begroeven. Trije spearen foarmje it wapen fan Dambitz.

Arent fan Harsolte sluet yn oktober 1721 in saneamde ‘wannelkeap’ mei Margaretha fan Dambitz dy't mei har man Jhr. Fecco fan Sytzama op Camstrastate ûnder Wurdum wenne. Dêrby ruile hy seis pûnsmiet fan syn lannen ûnder Seisbierrum tsjin ‘het Roodhuis’ ticht by de tsjerke yn Minnertsgea. Op dy ûngefear twa bunder lân sil grif in stim lein hawwe en mooglik sels twa, oars soe de wearde lang net opwoegen hawwe kind tsjin in grut wenhûs yn in romme hôf en fierdere oan- en tabehearren. Beide besittingen waarden lyksteld yn wearde, nammentlik 1.200 goudgûnen. De mem fan syn earste frou, Fokel fan Burmania, widdo fan Tjalling Homme fan Camstra, sette har dêr sûnt dy tiid ta wenjen.

Hûs op it steed fan it Readhûs yn 2005

Op it steed fan Readhûs hat jierrenlang it ferversbedriuw fan de famylje Terpstra stien. Dêrfoar hat it heul lang in pleats west. Dit pân waard noch yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw ‘De Reade Hoas’ neamd en dêrnei ferkoarte ta "De Hoas", as in dizenich, ferbastere oantinken oan it grutte hûs dat hjir ea stien hat.

  • ± 1630 Valerius fan Dambitz
  • ± 1660 Ruurd fan Dambitz
  • Ernestus (Ernst) fan Dambitz
  • oant 1721 Margaretha Ruurdsdr. fan Dambitz
  • 1721 Arent fan Haersolte, bewenner Fokel Berber fan Burmania, widdo Fan Camstra
  • 20e iuw famylje Terpstra

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Beschryvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt troch Chr. Schotanus (1664)
  • Tegenwoordige staat van Friesland ± 1780
  • De historie gaat door het eigen dorp fan A. Algra (1955-1960)
  • Om toer en tsjerke fan Minnertsgea fan A.D. Wumkes
  • Minnertsgea fan P.B. Winsemius
  • website fan Tresoar