Reade swevelkop
Appearance
reade swevelkop | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Reade swevelkopkes yn 'e bosk by Wynjewâld (2020) | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Hypholoma lateritium | ||||||||||||
(Schaeff. : Fr.) P. Kumm. | ||||||||||||
De reade swevelkop (Hypholoma lateritium) is in poddestoelsoarte fan it swevelkoppenskaai, dy't yn groepkes op dea hout waakst. De poddestoel komt yn de hjerst foar, benammen op de sângrûn.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hoed fan de poddestoel stiet op in 5 oant 12 sintimeter lange en 5 oant 12 millimeter dikke, gielige stâl. De hoed is stienread fan kleur en wurdt nei bûten ta bleker. Yn jonge foarm is de hoed paraboloïde fan foarm en wurdt yn de âldere foarm flak en wulvich. De râne besit in brede seame fan felumflokken. De lamellen binne griis-grien en letter brún fan kleur.
De spoaren fan de reade swevelkop binne poarperswart.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reade swevelkopkes waakse yn de hjerst yn groepkes op dea hout fan de iik, bjirk en de boek.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Poddestoelen yn Fryslân
- (ned) Soartebank
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Reade swevelkop fan Wikimedia Commons. |