Elias Magnus Fries

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Elias Magnus Fries

Elias Magnus Fries (Femsjö (Hylte), 15 augustus 1794Uppsala, 8 febrewaris 1878) wie in Sweedsk mykolooch (skimmel- en swammedeskundige).

Fries is berne yn Sweden as soan fan in predikant. Hy waard heechlearaar botany oan de Universiteit fan Uppsala. Yn 1821 publisearre hy "Systema Mycologicum" (diel 1) - ien fan de earste mykologyske wurken, en letter "Elenchus Fungorum". Oant it foar de mykology wichtige botanyske kongres yn 1987 wie syn wurk tegearre mei dat fan Christiaan Hendrik Persoons "Synopsis Methodica Fungorum" út 1801 lange tiid it útgongspunt foar de taksonomy fan de swammen.

Theodor Magnus Fries, syn soan, waard ek botanikus en lichenolooch (koarstmoassaakkundige).

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Monographia Pyrenomycetum Sueciae (1816)
  • Systema Mycologicum (1821)
  • Systema Orbis Vegetabilis (1825)
  • Elenchus Fungorem (1828)
  • Lichenographia Europaea Reformata (1831)
  • Epicrisis Systematis Mycologici: seu synopsis hymenomycetum (1838)