Reade ibis

Ut Wikipedy
reade ibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai swartwjuktipibissen (Eudocimus)
soarte
Eudocimus ruber
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De reade ibis (Eudocimus ruber) is in fûgelsoarte út it skaai Eudocimus út de famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De reade ibis is ien fan 'e twa nasjonale fûgels fan Trinidad en Tobago.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fleanende reade ibis.

De reade ibis hat in oranjeread fearrekleed mei op bûtenste haadslachpinnen swart op it ein fan 'e fearren en in lange, kromme snaffel. Mantsjes en wyfkes hawwe itselde fearrekleed. De fûgels binne 56 oant 86 sm lang en 775 oant 925 gram swier en se ha in spanwiidte fan 56 sm. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes. De poaten binne rôze, mar de snaffel is rôze oant somtiden swarteftich.

Juvenilen binne griis, brún en wyt fan kleur. As de fûgel âlder wurdt produsearret it iten fan reade skaaldieren de reade kleur fan 'e fearren. De feroaring fan kleur begjint as se oan 'e twadde kear yn 'e rude binne. Se wurde dan oer in tiidrek fan likernôch twa jier hieltiten reader.

De reade ibis is de iennige waadfûgel fan 'e wrâld mei sa'n reade kleur. Yn it wyld wurde reade ibissen likernôch 16 jier en yn finzenskip 20 jier âld.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels komme yn it kustgebiet fan it noarden en westen fan Súd-Amearika foar, benammen fan Kolombia oant noardeastlik Brazylje, en op guon eilannen yn 'e Kariben. Bûten de briedtiid binne se ek mear yn it lân te finen. It biotoop bestiet út mangrovebosken, langunes en rivieren. De fûgel wurdt somtiden ek yn 'e Feriene Steaten sjoen, mar dat binne yn 'e regel fûgels dy't út diereparken ôfkomstich binne.

De heechste konsintraasjes reade ibissen binne yn 'e greidflakes fan 'e Llanos yn it west fan Fenezuëla en it easten fan Kolombia te finen. Dy fruchtbere krite fier fan 'e oantaasting troch it minskdom biedt de fûgels in feilich hinnekommen.

Gedrach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flecht reade ibissen.

De fûgels binne sosjaal, briede yn grutte koloanjes fan somtiden wol 1000 fûgels en ha net in soad plak nedich. Se fine harren iten op 'e taast troch mei de snaffel yn 'e drits te stekken en hinne en wer te swyljen troch it wetter. It fretten bestiet foar it measte út wetterynsekten, krabben, garnalen en wringeleazen. Troch it iten fan skaaldieren nimt de fûgel in soad astaxanthine yn, in kleurstof dêr't de soarte syn reade kleur oan te tankjen hat. As de fûgels net it natuerlike iten krije, ferlize se harren reade kleur.

In pearke bliuwt faak in libben trou oan inoar en boud it nêst yn mangrovebeammen. Der wurde twa of trije fealgriene aaien mei wat brún lein, dy't nei 23 dagen útbret wurde.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De IUCN rûst de totale populaasje op 100.000 oant 150.000 fûgels en klassifisearret de fûgel as net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Scarlet ibis (ferzje 25 april 2024)