Reade blebberbei
reade blebberbei | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Vaccinium vitis-idaea | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
De reade blebberbei (Vaccinium vitis-idaea) is in plant út de heidefamylje (Ericaceae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dwerchstrûk wurdt tusken de 10 en 40 sm heech en hat in kompakte, rjochtopsteande foarm. De ovale blêden binne ôfwikseljend pleatst en twadielich rangskikt. Se binne donkergrien en leareftich. Oan 'e ein fan de tûkjes komme troskes mei meast wite, somtiden wat rossige, klokfoarmige blomkes. De blommetroskes besteane út fjouwer blommen. By oare soarten blebberbeien binne dat meastentiids fiif. Ein aughustus, begjin septimber rypje de beien yn fiif oant seis wike fan wyt nei helder read. Kultifearre rassen rypje ûnder geunstige omstannichheden ein septimber, begjin oktober nochris. De reade blebberbei is in grienbliuwende plant.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat de reade blebberbei winterhurd is (oant -22 °C) komt de soarte oaral op it noardlik healrûn foar, oant de noardpoalsirkel yn Grienlân. Yn Nederlân is de soart ûnder oaren te finen yn Sallân en op de Feluwe. Se hawwe in foarkar foar sinnige drûge plakken op soere, skrale grûn mar ferneare ek skaadrike bosken en earme sângrûn.
Fermeardering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reade blebberbeien fermearderje harren neist bestowing ek troch it foarmjen fan ûndergrûnske útrinners. Hoewol de reade blebberbei faaks te finen is yn de buert fan de blauwe blebberbei (Vaccinium myrtillus) kruse de soarten mar selden. De hybride tusken beide soarten hjit Vaccinium × intermedium.
Tapassings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reade blebberbei wurdt faak by wyldgerjochten servearre yn de keukens fan noard- en sintraal Europa, benammen yn Skandinaavje, Poalen en Ruslân. Omdat de frucht frijwat soer is, wurdt dy selden rauw iten en meastentiids ferwurke ta kompôte. De frucht befettet ûnder oaren fitamine C, fitamine B1, fitamine B2, fitamine B3 en β-karoteen en mineralen as kalium, kalsium, magnesium en fosfaat.
Oan de blêden wurde genêskrêftige eigenskippen taskreaun. De dêryn foarkommende stof antosyaan soe nier- en blaasynfeksjes foar komme kinne.
- Plantesoarte
- Heide (famylje)
- Heide-eftige
- Lânbougewaaks
- Lânseigen floara yn Abgaazje
- Lânseigen floara yn Albaanje
- Lânseigen floara yn Andorra
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn Bosnje
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Denemark
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Estlân
- Lânseigen floara yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen floara yn Finlân
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Fryslân
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ierlân
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Yslân
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn Kazachstan
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Letlân
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Litouwen
- Lânseigen floara yn Man
- Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Ierlân
- Lânseigen floara yn Noarwegen
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn San Marino
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Sibearje
- Lânseigen floara yn Skotlân
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Súd-Osseesje
- Lânseigen floara yn Sweden
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen floara yn Alaska
- Lânseigen floara yn de Feriene Steaten
- Lânseigen floara yn Grienlân
- Lânseigen floara yn Japan
- Lânseigen floara yn Kanada
- Lânseigen floara yn Mongoalje
- Lânseigen floara yn Noard-Koreä
- Lânseigen floara yn Sina
- Lânseigen floara yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen floara yn Súd-Koreä