Springe nei ynhâld

Rama (Ontario)

Ut Wikipedy
Rama
It pleatslike kasino.
It pleatslike kasino.
Bestjoer
Lân Kanada
Provinsje Ontario
County Simcoe County
Sifers
Ynwennertal 870 (2011)
Oerflak 9,1 km²
Befolkingsticht. 95,6 / km²
Oar
Stifting ±1836
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 44°70′27″N 79°33′96″W
Kaart
Rama (Ontario)
Rama
Lokaasje yn Ontario.

Rama is in doarp yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario.

Rama leit likernôch 110 km rjocht benoarden fan Toronto, yn Simcoe County, eastlik fan 'e súdpunt fan 'e Georgiaanske Baai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Hueronmar (ien fan 'e Grutte Marren).

Rama is it haadplak fan it Mnjikaning Reservaat 32 fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje, in Yndiaanske stamme-organisaasje wêrfan't de leden ta it folk fan 'e Odjibwe (Ojibwe) of Tsjippewa (Chippewa) hearre. Neffens in offisjele skatting út 2011 hie Rama doe 870 ynwenners, wêrfan likernôch 700 (of 80,5%) leden fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje.

Besjensweardichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rama stiet bekend om twa dingen. Yn it foarste plak giet it dêrby om it Casino Rama and Entertainment Complex, it eigen kasino fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earse Naasje, dat in oerflak fan 18.100 m² hat. Fierders binne yn 'e neite fan it doarp ek de Mnjikaning Fish Weirs sitewearre. Dat is in 4.500 jier âlde tradisjonele fûke (yn 'e foarm fan in stek) dy't yn 'e smelle ferbining tusken de grutte Simcoe-mar en de lytsere Couchiching-mar stiet. Yn 1982 erkende it Kanadeeske regear de oerâlde fûke as in nasjonaal histoarysk monumint. Yn 1993 rjochten leden fan 'e Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje de Mnjikaning Fish Fence Circle op, in organisaasje dy't tawijd is oan 'e beskerming en it behâld fan 'e fûke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.