Raerder Roek
De Raerder Roek is in skûtsje dat útkomt yn de IFKS. It skip is te plak yn Raerd, en de skipper en eigner is Michiel Kalsbeek.
De Zwaluw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Raerder Roek kaam 11 maart 1906 fan de werf fan Van der Werff yn Bûtenstfallaat as de Zwaluw (de Swel). It wie boud foar Berend Boom út Eastermar, dy't it foar de jirpelfeart sylde.
Doe't er it skûtsje yn 1920 oer die oan syn omkesizzer Jelle Stoker waard it langer makke, mûglik om't Stoker in oare soarte fan fracht op it each hie. Nei't it skûtsje fan 15,66m nei 18,12m brocht wie, brûkte dy it foar feart mei terpierde, en yn de hjerst mei biten.
De Vier Gebroeders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 1927 waard it skip oernaam troch Ale Zwerver, dy't it de namme De Vier Gebroeders (De Fjouwer Bruorren) joech, om't er fjouwer soannen hie. Zwerver brûkte it skûtsje ek foar it skûtsjesilen; as der om jild syld waard, koe dat likefolle opsmite as dagen fracht. Hy sylde ek mei yn de earste jierren, 1945 - 1947, fan it SKS-kampioenskip.
Yn 1948 kaam der in ein oan it oarspronklike doel fan it skûtsje. Swerver ferkoft it oan Fedde Akkerman dy it fral as wente brûkte, en ek lettere eigners hawwe der gjin frachtfeart mear mei syld. Akkerman lei meast yn Ljouwert foar de wâl, útsein dat er mei syn eigen skûtsje te sjen gong nei it Skûtsjesilen.
Wer de Zwaluw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skip waard wer de Zwaluw doe' it yn 1965 ferkoft waard oan de Spakenboarger Gerrit van de Groep. Dy boude it skûtsje om ta motorskip, dat er foar de fakânsjes yn Fryslân hie. Yn 1984 ferkoft Van de Groep it oan Jappie Strikwerda, dy't allinnich fan doel wie it fierder te ferkeapjen.
De Twee Gebroeders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1985 waard it dan ek koft troch Jan de Boer. Dy restaurearre it skip wêr ta in silend skûtsje, mar de namme de Zwaluw ferdwûn wer. It skûtsje waard no Twee Gebroeders. Mei dy namme wie it dielnimmmer oan de IFKS dêr't it yn 1988 winner fan waard.
Net folle letter, yn 1990, waard it wer ferkoft, oan Philip van der Woude. Dy sile der ek wedstriiden mei, mar doe't dy as piloat oannaam waard troch de Sultan fan Brûnei koe er der net mear nei omsjen, dat yn 1995 waard it skûtsje ferkoft oan Michiel Kalsbeek.
De Raerder Roek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Michiel Kalsbeek hat it skûtsje de Raerder Roek neamd. It sylt no mei it seilteken fan it silhûet fan in fleanende Roek mei in wite R der oerhinne. It wurdt brûkt foar sjarterfeart en sylt mei goede risseltaten mei yn de IFKS. Yn 2000 is it skip op 'e nij langer makke, ta 20,52m.