Springe nei ynhâld

Radio Waddenzee

Ut Wikipedy

Radio Waddenzee wie in ynternet- en middenweachradiostasjon, dat fêstige wie yn Harns.

It stjoerskip fan Radio Waddenzee foar de kust ûnder Harns

Radio Waddenzee waard oprjochte troch de eardere Radio Caroline-diskjockey Sietse Brouwer. It stasjon stjoerde sûnt 30 maart 2007 út oer in antennemêst yn Pitersbierrum. De programma's wiene yn it Nederlânsk en rjochte op de toeristen dy't it Waadgebiet besykje en joegen dêrom in protte toeristyske ynformaasje. It stasjon hie ek drive-in shows. Jûns en nachts waarden de middenweachútstjoerings oernaam troch Radio Seagull.

It foarnimmen wie oarspronklik om fan de simmer fan 2007 ôf út te stjoeren fan in âld Ingelsk fjoerskip ôf, de Jenni Baynton of LV8. Dêrmei soe Radio Waddenzee de earste offisjeel-erkende permaninte seestjoerder ea yn Nederlân wurde. Novimber 2007 waard de stjoerder op it skip twa kear in pear oeren testen. It die bliken dat de ûntfangst better wie as dy fan de stjoerder út Pitersbierrum. Begjin maaie 2008 hat Radio Waddenzee trije dagen útstjoerd fan de Jenni Baynton ôf, dy't doe yn de Waadsee lei. Sûnttiid leit it skip oan de Suderpier fan de Nije Willemshaven yn Harns.

Healwei maaie 2009 gie it skip yn Harns foar in ynspeksje en wat ferbouwings yn dok. Fan 22 maaie oant 5 juny lei it skip by It Gryn en waarden de útstjoerings fan Radio Waddenzee en Radio Seagull dêrwei fersoarge.

Ek yn 2010 en 2011 lei de "Jenni Baynton" yn maaie en/of juny bûtengat. Yn 2012 wie dat ein augustus; de útsjoerings waarden doe ôfbrutsen fanwege it oan de grûn rinnen fan it skip. [1]

Radio Seagull naam jûns en nachts (19.00-7.00) de middenweachútstjoerings op de 1602 kHz AM oer en stjoerde fan 11 oktober 2012 fan 23 oant 20 oere sels út op de 1395 kHz AM fan de Jenni Baynton ôf en stjoert ek fan 1 april 2012 it hiele etmel út op de 6150 kHz yn de 49 meter bân koarte weach.

Radio Waddenzee stoppe 30 juny 2013 mei útstjoeren. Fan dy datum ôf stjoert Radio Seagull it hiele etmel út op 1602 kHz AM. Fan 21 april 2014 ôf stjoert Radio Waddenzee lykwols fannijs út op 1602 kHz AM fan 7.00 oant 19.00 en kin Radio Seagull dêrom allinne wer jûns en nachts (19.00-7.00) op 1602 kHz útstjoere.

Fan 17 augustus 2014 ôf leit de "Jenni Baynton" wer fiif seemilen út de kust fan Harns en fan 20 augustus o/m 31 augustus 2014 stjoere Radio Waddenzee en ek Radio Seagull beide fan de Waadsee ôf út. Dat ta neitins oan it ferplicht stopjen fan de Nederlânske seestjoerders op 31 augustus 1974.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch foto op [1]