Quirinus Harder
Appearance
Quirinus Harder (Rotterdam, 1801 – Flissingen, 1880)[1] wie in Nederlânsk arsjitekt dy't ferskate fjoertuorren ûntwurpen hat.
Hy wie haadkonstrukteur fan de boukundige tsjinst fan it loadswêzen. Harder hat fanwege it Ryk ferskate fjoertuorren ûntwurpen. Dy waarden makke fan getten izer, dat as boumateriaal yn de midden fan de 19e iuw nij wie. It brûken fan getten izer foar fjoertuorren begûn yn Grut-Brittanje. Faaks hat Harder dat dêr sjoen op in stúdzjereis.
Harder syn fjoertuorren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1863 - Fjoertoer Aailân (Tessel)
- 1866 - Fjoertoer fan Breskens
- 1875 - Westkapelle Laag
- 1875 - Fjoertoer fan Scheveningen
- 1976 - Fjoertoer fan Flylân (Fjoerdún)
- 1877 - Fjoertoer fan Den Helder (Lange Jaap)
- 1878 - Lege fjoertoer fan IJmuiden
- 1880 - Fjoertoer fan It Amelân (Bornrif)
Foto's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Breskens
-
Westkapelle
-
Fjoerdún (Flylân)
-
IJmuiden
-
Bornrif (It Amelân)
-
Skeveningen
-
Lange Jaap (De Helder)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |