Fjoerdún
De Fjoerdún is in fjoertoer op it Fjoerboetsdún op Flylân.
De rûne fjoertoer fan getten izer is it boppestik fan de, troch Quirinus Harder ûntwurpen, Lege Fjoertoer fan IJmuiden.
It ljocht fan de fjoertoer baant twa sekonden en is dêrnei twa sekonden út. De lampen en de linzen steane stil, der draait in soarte fan gerdyn dat it ljocht alle twa sekonden ôfskermet, dat de toer is eins in grut swaailjocht.
Foar de bou fan de metalen fjoertoer wie der op dit plak in rûne stiennen toer dy't yn 1836 boud waard en ûntwurpen wie troch Jan Valk. Foar de bou dêrfan wie der in beaken op houten peallen. De âldst bekende ferwizing nei it beaken fan Flylân is fan 1462.
Sûnt 1990 is de fjoertoer iepen foar toerisme. Yn de fjoertoer is ûnder iepeningstiden in fjoertoerwachter oanwêzich, hoewol't de fjoertoer sels alhiel automatysk wurket. Der wurde rûnliedingen jûn en yn 'e útkykpost neist de fjoertoer binne sûvenirs te keap. Dêrneist wurdt de toer brûkt as troulokaasje.
De toer is eigendom fan Rykswettersteat.
Boujier | 1876 |
Toerhichte | 16,8 meter |
Ljochthichte | 54 meter |
Materiaal | jitizer |
Monumint | ja, sûnt 1980 |
Radar | gjin |
Bemand | nee |
-
Trep
-
Binnenwand fan getten izer
-
De ljochten
-
Glêskoepel fan de fjoertoer
-
Kiker yn de fjoertoer
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vuurduin fan Wikimedia Commons. |