Springe nei ynhâld

Púnjers

Ut Wikipedy
Púnjers
algemiene ynformaasje
oare namme(n) Kartagers
Westfenysjers
taal Punysk
godstsjinst Kanaänityske mytology
historiografy
tiidrek 12e iuw f.Kr. - 5e iuw n.Kr.
gebiet It kustgebiet fan:
Algerije
Tuneezje
Lybje
• súdlik Spanje
De eilannen:
Malta
Sisylje
Sardynje
• de Baleären

De Púnjers, Puniërs, Kartagers of Westfenysjers wiene in folk dat yn it westlike Middellânske Seegebiet libbe, dy't fan de Fenysjers ôfstammen. Hjoed-de-dei wurdt it begryp "Púnjer" nei de Fenysjers yn it westlike Middellânske Seegebiet ferwiisd, westlik fan de tinkbyldige grins tusken it Latynske westen en it Grykske easten.

It folk befette de ynwenners fan harren thúslân om Kartago hinne, yn it hjoeddeistige Tuneezje, en de ynwenners fan harren koloanjes yn Noard-Afrika, westlik Sisylje, súdlik Sardynje, Malta, Ibytsa en súdlik Ibearje (Hispania). Harren taal, it Punysk wie in dialekt fan it Fenisysk.

De earste Fenysjers fêstigen harren yn it westlike Middellânske Seegebiet yn de tolfde iuw f.Kr. en hja foarmen hannelsrûtes fan de Fenisyske hannelsstêden Tyrus, dêr't Kartago fan út stifte waard, en Sidon. De Púnjers holden kontakten mei de Fenysjers, mar ûntwikkelen ek nauwe bannen mei de lânseigen folken yn it westlike Middellânske Seegebiet, en namen guon fan harren kultuerele eigenskippen oer. Guon fan dy eigenskippen waarden troch alle Westfenysjers yn it algemien oernaam, wylst oare eigenskippen beheind warden ta guon Punyske regio's.

De Westfenysjers stiften in stikmannich stêdsteaten, dêr't Kartago fan de fyfde iuw f.Kr. ôf de grutste en machtichste fan waard. Yn de fjirde iuw f.Kr. kamen de Punyske gebieten yn Sisyle en Sardynje ûnder Kartaachsk bestjoer, wylst oare Punyske stêden bûten Kartaachsk besjoer wisten te bliuwen. Yn de Punyske oarloggen (264-146 f.Kr.) ferlear Kartago syn hegemony yn it westlike Middellânske Seegebiet oan de Romeinske Republyk en nei it Belis fan Kartago yn 146 f.Kr. waard dy stêd troch de Romeinen folslein ferwoastge. Nei de fal fan Kartago bleau de Punyske taal en kultuer bestean oant wol yn de Lette Aldheid ta.

It wurd "Punysk" wurdt hjoed-de-dei foar alle Westfenysjers brûkt en komt fan it Latynske poenus en punicus wei, dy't ornaris nei de Kartagers en oare Westfenysjers ferwiisden. Dy begripen kamen wer fan it Aldgrykske wurd Φοῖνιξ (Phoinix), meartal Φοίνικες (Phoinikes), dy't lywols nei alle Fenysjers (east en west) ferwiisden. It Latyn naam dy Grykske wurden foar in twadde kear oer as phoenix, meartal phoenices, oer en brûkte dy ek foar alle Fenysjers.

In Punysk byldsje fan de 3e iuw f.Kr. fûn yn Ibytsa

Der is bewiis dat Westfenysjers fan Sisylje it begryp Phoinix brûkten, mar it is net wis as se dat foar harren sels brûkten. In tekst fan de hillige Augustinus fan Hippo neamt dat se harsels chanani (Kanaäniten) neamden.

Oare begripen foar de Púnjers waarden ek wol brûkt, sa as bygelyks de regio dêr't se wennen (Sardinysk-Punysk of Sisilysk Punysk). Soksoarte begripen waarden al troch guon Grykske skriuwers brûkt, dy't de Púnjers fan Noard-Afrika (Lybje) ek wol "Lybysk Fenysjers" neamden.

In Punysk gnyskjende masker fan Sardynje
In Kartaachske munt fan Sisylje mei in hynder foar in palmbeam (yn it Gryksk Phoinix neamd) út de 4e iuw f.Kr.
Pylders fan de ruïne fan de Punyske, en letter de Romeinske stêd Tharros op Sardynje

De Púnjers wiene in Semitysk folk dy't ôfstammen fan Fenisyske kolonisten, dy't harren yn de tolfde iuw f.Kr. yn it westlike Middellânske Seegebiet fêstigen. De Fenysjers fêstigen harren yn it tredde milennium f.Kr. oan de kust fan Syrje oan de Middellânske See. Om't dy omkriten in woastynklimaat hie, konsentrearren de Fenysjers harren op de seehannel. Stêden lykas Byblos, Tyrus en Sidon waarden wichtige hannelstêden en hja makken hannelsrûtes troch de Middellânske See hinne. Yn de tolfde iuw f.Kr. stiften de Fenysjers koloanjes yn it westlike Middellânske Seegebiet. De koloanjes fan Utica en Hippo Regius wiene de earsten yn Noard-Afrika. Letter kamen der mear koloanjes yn it hjoeddeistige Tuneesje, lykas Kartago, en doe fierder op westlik Sisylje, súdlik Sardynje, Malta, de Baleären en súdlik Ibearje.

De Púnjers namen de godstsjint fan de Fenysjers oer en ferearen goaden lykas Baäl Hamon en Melkart. Mar de Púnjers namen ek eigenskippen fan oare godstsjinsten oer, lykas dy fan lânseigen folken, sa as de Numydjers, en fan de Egyptners en de Griken, dêr't se in soad mei hannelen. De Púnjers mingden harren ek mei lânseigen folken, sa as houliken mei Numydjers en Libyske Berbers.

Fan de fyfde iuw f.Kr ôf ûntjoech Kartago him as in machtige stêd en in stikmannich oare Punyske stêden kamen ûnder Kartaachsk ynfloed, wylst oare Punyske stêden dêrbûten wisten te bliuwen. De Kartagers hannelen sels bûten it Middellânske Seegebiet en se giene ek wol op ûntdekking. Hanno de Seefarder spile in wichtige rôl dêrby. Se fearen de Atlantyske Oseaan op oant de Britske eilannen nei it noarden en nei de Golf fan Guinea yn it suden, dêr't se de lânseigen folken beskreaune.

Gryksk-Punyske en Romeinsk-Punyske oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't de Kartagers hannelskonkurrinten fan Magna Graecia (Grut-Grikelân) wiene, krigen se gauris spul mei harren oer it eilân Sisylje yn de Sisyljaanske oarloggen fan 600 oant 265 f.Kr.

Letter waard de Romeinske Republyk in opkommende macht, dêr't de Kartagers ynearsten freedsum mei omgiene. Om't Rome machtiger waard, ûntstie der in machtstriid yn it westlike Middellânske Seegebiet. De Kartagers fochten tsjin de Romeinen yn de Punyske oarloggen tusken 265 oant 146 f.Kr., dy't de Kartagers einlings ferlearen. Nei it Belis fan Kartago yn 146 f.Kr. ferwoastgen de Romeinen de stêd en waard Rome de grutste macht oan de Middellânske See.

It ferwoastgjen fan Kartago betsjutte lykwols net de ein fan de Kartagers. Nei de kriich waard de stêd Kartago folslein mei de grûn lykmakke en lân dêr omhinne waard gaadlik makke foar ikkerbou foar Romeinske boargers. Oare Punyske stêden waarden stadichoan romanisearre en in part fan de befolking naam de Romeinske godstsjinst oan, mei eigenskippen fan harren eigen godstsjinsten dêryn mingd. De Punyske taal en kultuer bleau lykwols noch wol bestean foar in pear iuwen dêrnei.

Kartago waard ûnder Julius Caesar fannijs opboud en de doarpen yn de omkriten waarden oanwiisd oan Romeinske soldaten dy't mei pensioen giene. Kartago waard wer in wichtige hannelstêd en waard nei Rome de grutste hannelstêd yn it Ryk, oant Konstantinopel dy posysje oernaam. Minsken fan Punysk komôf wiene noch hieltyd warber as hannelers en guon waarden sels politisy yn it Romeinske Ryk. Keizer Septimius Sevearus wie fan Punysk komôf en wie der ek grutsk op. Der waard fan him sein dat er Latyn mei in Punysk aksint spriek. Under syn bewâld waarden Kartagers part fan de hege elite en harren goaden waarden part fan de keizerkultus

Doe't it kristendom him oer it Romeinske Ryk fersprate, wie it benammen warber yn Noardwest-Afrika, en Kartago waard in kristlike stêd foar it leauwe wetlik tastien waard. De hillige Augustinus fan Hippo, berne yn Tagaste yn it hjoeddeistige Algerije, bekôge himsels as in Púnjer, en skreau oer de Punyske taal en kultuer dat in wichtige boarne dêrfan wie. Yn ien fan syn teksten stie: "It is in poerbêst ding dat Punyske kristenen it dopen sels neat oars as 'ferlossing', en it sakramint fan Kristus syn lea neat oars as 'libben' neame".

Nei de Romeinen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lêste oerbliuwsels fan in selsstannige Punyske kultuer moat earne yn de disoarder by de fal fan it Westromeinske Ryk ferdwûn wêze. De demografyske en kulturele skaaimerken fan de regio feroaren hurd mei de oarloggen fan de Fandalen, dy't harren yn Noard-Afrika fêstigen, mei de Byzantinen, dy't de ferlerne gebieten fan it Westromeinske Ryk werom bemasterje woene. Dat late ta it twongen ferhúzjen fan de befolking. Der kaam wer in feroaring yn it gebiet mei it oermasterjen fan de Magreb troch de islamiten yn de sânde iuw n.Kr. De islamityske skriuwer al-Bakri neamde yn dy tiid in folk yn Sirte, yn hjoeddeistich Lybje, dat gjin Latyn, Berbersk en Koptysk spriek. Dus dat moast noch om in oerbliuwsel Púnjers gean, dy't hjir en dêr yn ôfsûnderlike gebieten wennen. It sprutsen Punysk hat it langer as de skriuwtaal útholden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Davis, Nathan (1985) Carthage and Her Remains Londen: Draf Publsihers. ISBN 9781850770336
  • Dorey, Thomas Alan and Dudley, D. R. (1971) Rome Against Carthage New York: Vintage ISBN 9780436131301
  • Dridi, Hédi (2019). Early Carthage: From its Foundation to the Battle of Himera (ca. 814–480 BCE). In Doak, Brian R.; López-Ruiz, Carolina (eds.). The Oxford Handbook of the Phoenician and Punic Mediterranean. Oxford University Press. siden 141–152. ISBN 9780190499341.
  • Warmington, B. H. (1969) Carthage (2d ed.) Praeger.