Provinsjale Steaten fan Grinslân
- Dizze side giet oer de Provinsjale Steaten fan Grinslân, sjoch foar it haadartikel oer de Provinsjale Steaten: Provinsjale Steaten.
De Provinsjale Steaten fan Grinslân foarmje de folksfertsjintwurdigers fan de provinsje Grinslân. Dy folksfertsjinwurdiging is fêstige in it Provinsjehûs yn Grins. Ek de oare provinsjes fan Nederlân hawwe sa’n folksried.
De haadtaak fan de Steaten is it kontrolearjen fan de Deputearre Steaten fan Grinslân, dy't it deistich bestjoer fan de provinsje yn hannen hawwe.
De foarsitter fan de Steaten is de Kommissaris fan de Kening fan Grinslân. Sûnt 2016 is dat René Paas.
Sitferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant de Steaten-ferkiezings fan 2007 wienen der 55 sitten te ferdielen yn de Provinsjale Steaten fan Grinslân. Sûnt dat jier is dat werom brocht ta 43 sitten.
De lêste ferkiezings wiene op 15 maart 2023. De sitferdieling fan de Provinsjale Steaten fan Grinsslân sjocht der sûnt 2007 sa út:
Partij | 2007 | 2011 | 2015 | 2019 | 2023 |
---|---|---|---|---|---|
BBB | 12 | ||||
GrienLinks | 3 | 3 | 3 | 6 | 5 |
PvdA | 12 | 12 | 6 | 5 | 5 |
KristenUny | 4 | 3 | 4 | 4 | 3 |
Groninger Belang | 3 | 3 | 3 | ||
CDA | 9 | 5 | 5 | 3 | 2 |
VVD | 5 | 6 | 4 | 4 | 2 |
PVV | 3 | 3 | 2 | 2 | |
SP | 7 | 6 | 8 | 4 | 2 |
D66 | 1 | 3 | 4 | 3 | 2 |
Partij foar de Dieren | 1 | 1 | 2 | 1 | 2 |
FVD | 5 | 1 | |||
Partij voor het Noorden | 1 | 1 | 1 | 2 | 1 |
Volt Nederland | 1 | ||||
50+ | 0 | 0 | 1 | 0 | |
Totaal | 43 | 43 | 43 | 43 | 43 |