Springe nei ynhâld

Protestantske tsjerke fan Hegersmilde

Ut Wikipedy
Protestantske tsjerke fan Hegersmilde
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Hegersmilde
adres Rykswei 179
koördinaten 52°54'N 6°23'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1845
boustyl neoklassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 482947 [1]
Webside
Side PKN Hegersmilde
Kaart
Protestantske tsjerke fan Hegersmilde (Drinte)
Protestantske tsjerke fan Hegersmilde

De Protestantske tsjerke fan Hegersmilde is de eardere herfoarme tsjerke en hjoeddedei de tsjerke fan 'e PKN-gemeente. De as wettersteatstsjerke boude tsjerke is sûnt 1995 in ryksmonumint.

De PKN-gemeente Hegersmilde is ûntstien út in fúzje fan de Herfoarme gemeente en de grifformearde tsjerke. De fúzjeakte waard op 7 desimber 2008 tekene. Yn it ramt fan 'e fúzje waard oan 'e efterkant fan 'e tsjerke it moderne tsjerklike sintrum 'De Schakel' oanboud.

Ynterieur

De tsjerke waard yn 1845 as ienfâldige sealtsjerke boud foar de Herfoarme gemeente fan Hegersmilde. It bouwurk telt fjouwer traveeën ûnder in sealtek en wurdt noardwestlik trijesidich ôfsletten. Boppe de súdeastlike gevel is in iepen spitske set. Fan 'e wei oant de dûbele tagong fan 'e tsjerke rint in dykje mei oan wjerskanten in rige monumintale linebeammen.

It ynterieur wurdt oerkape troch in houten tonferwulft.

It hjoeddeiske oargel waard yn 1913 boud troch M. Vermeulen foar de Grifformearde tsjerke fan Mearum. Yn 1961 ferhûze it oargel nei de Grifformearde tsjerke fan Hegersmilde. Om't de PKN-gemeente wol mei ien gebou ta koe waard de Grifformearde tsjerke te keap set, mar it oargel waard yn 2012 troch Mense Ruiter restaurearre en wer opboud yn 'e eardere Herfoarme tsjerke. It âlde oargel fan 'e Herfoarme tsjerke wie in ynstrumint út 1964 fan de firma H.J. Vierdag, dat yn 1970 troch dy oargelbouwer yn Hegersmilde opboud waard en yn 2012 trochferkocht waard oan de Nij-Apostoalyske tsjerke fan Arnhim.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: