Moetingstsjerke (Mearum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Moetingstsjerke

Ontmoetingskerk

Grifformearde tsjerke, Krúswei 30, Mearum (1).jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Westerkwartier vlag.svg Westerkertier
plak Marum wapen.svg Mearum
adres Krússtrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1926
arsjitekt Eldering en Meerholts
oare ynformaasje
webside Side tsjerklike gemeente

De Moetingstsjerke (Ontmoetingskerk) oan de Krúswei yn Mearum (Grinslân) wie in grifformearde tsjerke en is tsjintwurdich ien fan de tsjerken fan de protestanske gemeente Mearum-Noardwyk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard boud foar de grifformearde gemeente fan Mearum, dy't op 12 april 1852 troch dûmny T.F. de Haan ynstituearre wie. Yn dat jier waard in earste tsjerke foar de fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke ôfskieden gemeente boud. De gemeente woeks yn ledetal hurd oan en alle rillegau wie de gemeente oan in nije tsjerke ta. Yn 1926 waard de hjoeddeiske krústsjerke yn gebrûk nommen op in lokaasje dy't skeef achter de earste tsjerke leit. Nei't de nijbou op 30 desimber 1926 yn gebrûk nommen waard is de earste tsjerke ôfbrutsen.

Yn de rin fan de tiid is de tsjerke oanboud.

Op 15 septimber 2013 ûntstie nei in lang proses út de herfoarme gemeente Mearum-Noardwyk en de grifformearde tsjerke fan Mearum de protestantske gemeente Mearum-Noardwyk. De eardere grifformearde tsjerke is it plak dêr't de protestanske gemeente alle sneinen byinoar komt.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1962 boud troch Ernst Leeflang út Apeldoarn. Nei in restauraasje is it oargel op 1 july 2000 wer yn gebrûk nommen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Keppeling om utens