Protestantske tsjerke (Willemsoard)
Protestantske tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Oerisel | |
gemeente | Stienwikerlân | |
plak | Willemsoard | |
adres | Stienwikerwei 159 | |
koördinaten | 52° 49'NB, 6° 3'EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1851-1855 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 413728 | |
Webside | ||
PKN Willemsoard-Blesdike-Pepergea | ||
Kaart | ||
De Protestantske tsjerke fan Willemsoard yn Oerisel is in tsjerkegebou fan 'e PKN-gemeente yn it doarp. Ek de Fryske doarpen Blesdike en Pepergea binne by de gemeente yndield.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynearsten wie der noch gjin tsjerke yn 'e koloanje Willemsoard en waarden de tsjinsten yn 'e skoalle holden. De dûmny kaam út Frederiksoard en moast foar de preek yn Willemsoard wol njoggen kilometer reizgje. Sadwaande boaze de rop om in eigen selsstannige tsjerklike gemeente te foarmjen yn Willemsoard oan. Healwei de 19e iuw waard yn opdracht fan 'e Maatskippij fan Woldiedichheid de earste stien lein foar de bou fan in nije tsjerke yn it doarp, dy't yn 1855 foltôge waard en fuort al te lyts wie. Pas yn 1867 waard Willemsoard in selsstannige gemeente mei in eigen dûmny.
Foar de útwreiding fan 'e tsjerke yn 1898 mei in kategisaasjelokaal oan 'e achterkant fan 'e tsjerke lei keninginne Emma sels 100 gûne by.
De tsjerke is yn 2005 restaurearre. In preekstoel út 'e jierren 1950 is doe ferwidere en ferfongen troch in âlde preekstoel mei klankboerd, dy't fan Monumintenwacht oernommen is. Ek waard de tegelflier wer foar it ljocht helle en waard it ynterieur op 'e nij farve.
Op 1 jannewaris 2010 waard de herfoarme gemeente in PKN-gemeente.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is in ryksmonumint fanwegen it oargel. It ienmanualige ynstrumint mei sân registers waard yn 1948 boud troch de Bruorren Van Vulpen út Utert. Dêrby waard diels 17e-iuwsk en diels 19e-iuwsk piipwurk op in wynlade út de 19e iuw brûkt. It piipwurk fan Van Vulpen falt bûten de beskerming.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|