Springe nei ynhâld

Protestantske tsjerke (Bornich)

Ut Wikipedy
Protestantske tsjerke
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Bornich
adres Rathausstraße 3
koördinaten 50° 07' N 7° 45' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip EKD
Arsjitektuer
boujier Aldste dielen 12e iuw
boustyl Romaanske en goatyske arsjtektuer
Webside
Side tsjerklike gemeente op de doarpsside
Kaart
Protestantske tsjerke (Rynlân-Palts)
Protestantske tsjerke

De Protestantske tsjerke oan de Rathausstraße is in tsjerkegebou yn it plak Bornich yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Aldste dielen fan de tsjerke foarmje de toer en in part fan it skip, dy't werom geane op de 12e iuw. De rest fan de oarspronklike tsjerke is yn de 16e iuw ôfbaarnd. De nijbou fan 1573 waard yn de 18e iuw oan de súdlike kant ferhege en yn de jierren 1960-1962 restaurearre.

Skilderij Krusiging

Nettsjinsteande de barokke feroarings yn de 18e iuw mei it ynbringen fan houten galerijen en in stúkplafond is yn de tsjerke de oarspronklik romaanske pylderbasilyk noch goed te trasearjen. It trijesidich sletten koer is fan oarsprong goatysk.

Boppe de galerij hinget in skilderij út de earste helte fan de 17e iuw mei in foarstelling fan de krusiging, dy't taskreaun wurdt oan de Flaamske skoalle yn neifolging fan Peter Paul Rubens. De barokke preekstoel waard yn 1724 foar 20 ryksdaalders yn Nastätten boud.

It barokke oargelfront datearret út 1724, wylst it ynstrumint sels út 1937 stamt en troch de firma Weigle boud waard. It hat twa manualen, ien pedaal, 13 klinkende registers en in elektryske traktuer.

Op de middelste oargeltoer steane de latynske wurden QUIS UT DEUS en op de oare tuorren lofts LAUDAE (= Laudate) en rjochts DOMINUM ("Lovet de Heare"). Quis ut Deus betsjut "Wa is as God" en is de latynske oersetting fan de namme Michael, itjinge mooglik in ferwizing is dat de tsjerke eartiids yn de roomske tiid oan de aartsingel Michael wijd wie.

De oargelgalerij is beskildere mei blommen en putto's.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: