Springe nei ynhâld

Albert Egges van Giffen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Prof. Van Giffen)
Albert van Giffen (om 1935)
Albert Egges van Giffen op de tinkstien by De Papeloze Kerk

Albert Egges van Giffen (Noardhorn, 14 maart 1884 - Swol, 31 maaie 1973) wie in Nederlânsk archeolooch ferbûn oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Mei syn ferneamde ûndersyk nei terpen yn Noard-Nederlân en de hunebêden yn Drinte waard it fûnemint lein foar de moderne Nederlânske archeology.

Van Giffen waard berne as soan fan in herfoarme dûmny en waard grutbrocht op yn Diever. Nei it gymnasium begûn der oan in stúdzje plant- en dierkunde yn Grins.

Yn 1908 sette de doe 24-jierrige biologystudint Van Giffen út ein mei syn ûndersyk nei de terpen (yn Grinslân wierden neamd). In soad terpen waarden yn dy tiid ôfgroeven en wichtige ynformaasje út it ferline rekke sa wei. Dochs kamen der ek in bulte dingen foar it ljocht dy't bewarre waarden. Van Giffen ûndersocht de fynsten en gie nei terpôfgravings lykas dy yn Dorkwerd. Hy kaam as earste ta de konklúzje dat terpen wier wenhichten wienen.

Van Giffen waard ferneamd troch syn ôfgravings yn Ezinge. Hy lei as earste de struktuer fan in doarp troch de iuwen hinne sichtber. Mei dit projekt ûntwikkele hy de saneamde kwadrantmetoade, wêrby it te ûndersykjen gebiet sawol mei fertikale as horizontale sleuven ôfgroeven waard. Sa waard in maksimum oan gegevens krige mei minimale fersteuring. Oant dy tiid waard in archeologysk fynplak hielendal, laach foar laach, ôfgroeven. Mar troch de nije metoade bleau in part fan it fynplak yntakt.

Yn Fryslân ûndersocht Van Giffen ûnder oare de oerbliuwsels fan it kleaster Klaarkamp by Rinsumageast. Op guon grêffjilden út de betide Midsiuwen yn 'e omkriten fan Dokkum wie Van Giffen in bekende ferskining. Yn 'e tritiger jierren wie de professor belutsen by de archeologyske aktiviteiten by de grêfheuvels yn de Stellingwarfen. Tidens de Twadde Wrâldkriich hiene de alderearste bewennersspoaren yn de Fryske terpen de oandacht fan Van Giffen. Op basis fan syn gegevens koe letter de komôf fan de Friezen fêststeld wurde. Kontakten wiene der mei de Fryske archeologen H.J. Popping, H. Halbertsma en P.C.J.A. Boeles.

De Papeloze Kerk
De Papeloze Kerk

Yn 1917 waard Van Giffen ek oansteld as konservator fan it Drintsk Museum yn Assen. Van Giffen hat yn dy tiid in protte opgravings dien by de hunebêden en hat ek in protte restaureare. Ek makke hy in ynventarisaasje fan alle noch besteande hunebêden yn Drinte. Yn 1928 publisearre hy hjiroer in boek dat noch altiten as in standertwurk oer de hunebêden sjoen wurd.
Van Giffen bleau syn hiele libben belutsen by de hunebêden. Yn de Twadde Wrâldkriich hat der bygelyks de stiennen fan D53 by Havelte tydlik fuorthelle om't de dútsers dêr in fleanfjild hawwe woene, nei de oarloch koe Van Giffen de stienen wer tebeksette op it oarspronklike plak sadat dit hunebêd ek noch hieltiten te besjen is.
Foaral yn de jierren fyftich en sechtich hat Van Giffen in protte hunebêden restaureare en noch ferskate opgravings dien. In bekend hunebêd is ek de Papeloze Kerk, in hunebêd by Schoonoord dêr t net folle fan oer wie. Van Giffen hat doe mei stiennen fan in twadde hunebêd dat net folle mear wie, in rekonstruksje makke hoe at in hunebêd der eartiids mei dekheuvel út sjoen hat. In part fan de dekheuvel is weilitten om de opbou fan it hunebêd sjen te litten.

Foar de stêdsarcheology fan de stêd Grins hat er ek wichtich wurk ferset. Yn 1928 ûndersocht hy de súdkant fan de Grutte Merk en yn de jierren fyftich hat hy in opgraving dien fan de Walburchtsjerke op in Martinitsjerkhof.

Yn 1920 rjochte hy it Biologysk-Archeologysk Ynstitút op. Fierder wie der foarsitter fan de Feriening fan Terpenûndersyk, ynspekteur by it Grinzer Museum en al neamd konservator by it Drintsk Museum.

Yn 1932 waard hy keazen as lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).

Yn 1930 kocht er it bûten De Heezeberg by Diever wêr hy de rest fan syn libben wenne. Van Giffen ferstoar yn de âldens fan 89 jier op 31 maaie 1973 yn Swol.

Yn it Grinzer Museum wie fan desimber 2005 oant april 2006 in grutte tentoanstelling plak mei de namme: Professor van Giffen en it geheim fan de wierden

  • E. van Ginkel, S Jager en W. van der Sanden, Hunebedden, Monumenten van de Steentijdcultuur, Uniepers Abcoude (2005).

Keppeling om ûtens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]