Stichting Keunstnersferset 1942-1945

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Stichting Kunstenaarsverzet 1942-1945 is in Nederlânske stifting dy't yn't earstoan as doel hie it útloven fan twa prizen: ienfoar de letterkunde en ien foar de byldzjende keunst. Sy woe dêrmei de oprjochter fan it keunstnersferset, byldhouwer Gerrit van der Veen, en ek de oare keunstners en wittenskippers dy't sneuvele wienen, earje sa it heart.

De Stifting Keunstnersferset 1942-1945 is op 18 jannewaris 1946 oprjochte troch Jacques Bot, Leo Braat, L.J.A. van Dijk, Henriëtte van Eijk, H.S. van Hall, R.F. van Heusden en Koos Schregardus. De oprjochtingsakte fan de stifting jout ûnder oaren de neifolgjende nammen fan fallen keunstners en wittenskippers: Willem Arondeus, Johan Brouwer en Johan Limpers.

Monumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerrit van der Veen - Monumint foar it keunstnersferset fan Carel Kneulman (1973)

Fanwege de Stifting Keunstnersferset 1942-1945 makke Carel Kneulman in monumint ta oantins fan it keunstnersferset. It monumint út 1973, dat de namme: Gerrit van der Veen - Monument voor het kunstenaarsverzet krige, stiet oan de Plantage Middenlaan yn Amsterdam.[1][2]

Priis fan de Stichting Keunstnersferset[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1949 en 1964 joech de Stichting Kunstenaarsverzet 1942-1945 de Priis fan de Stichting Keunstnersferset foar de literatuer, byldzjende keunst en muzyk oan:[3]

Fersetspriis fan de Stichting Keunstnersferset[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de betinking 40 jier befrijing yn 1987 ôf, oant 1997 joech de stichting fannijs in priis. Doe gie it om de Fersetspriis fan de Stichting Keunstnersferset:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Monument Gerrit van der Veen - Monument voor het kunstenaarsverzet
  2. Buiten Beeld In Beeld over het monument
  3. Laureaten
  4. Verzetsprijs 1987
  5. Verzetsprijs 1989
  6. Verzetsprijs 1993