Pride and Prejudice (roman)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pride and Prejudice (boek))
De titelside fan 'e oarspronklike printinge, út 1813.

Pride and Prejudice (Frysk: "Grutskens en Foaroardielen" of "Waan en Eigenwaan") is in roman, publisearre yn 1813, skreaun troch de Britske skriuwster Jane Austen. Hoewol't it ferhaal spilet oan de ein fan de 19e iuw, bliuwt it in fassinearjend boek foar moderne lêzers en stiet it al tiden boppe-oan yn de list fan "most loved books" fan bygelyks The Big Read. It is ien fan de populêrste boeken yn de Ingelske literatuer en it krijt in hiel soad omtinken fan literatuerwittenskippers. De belangstelling foar it boek komt ta utering yn ferskeidene ferfilmingen en in hiele samling fan novellen en romans dy't besykje om de typearjende karakters en tematyk fan Austen te imitearjen. It boek is oer de hiele wrâld 20 miljoen kear ferkocht.

Ynfloed op moderne literatuer en film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De roman fan Austen is ferskeidene kearen ferfilme, ûnder oare yn 1940 en yn 2005. Der is ek in Bollywood-ferfilming makke, mei de namme Bride and Prejudice. De bekendste fisuële útfiering is nei alle gedachten de seisdielige BBC-searje út 1995, mei ûnder oaren Colin Firth, Anne Chancellor en Jennifer Ehle. De populêre roman Bridget Jones's Diary fan skriuwster en kollumniste Helen Fielding is basearre op dy ferzje fan Pride and Prejudice. Yn 2005 is it boek nochris ferfilme mei Keira Knightley en Matthew Macfadyen yn 'e haadrollen.

It ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pride and Prejudice giet oer fiif susters út de Ingelske middenklasse dy't libje oan de ein fan de 18de iuw. De heit fan de famkes, menear Bennet, is in hear mei beskieden ynkomsten. Hy hat in iroanyske manier fan dwaan en fynt it moai om syn frou in bytsje te niteljen. Hy is mâl mei syn dochters en hy lûkt him wolris werom fan de oanhâldende noed fan syn frou oer de partnerkar fan harren dochters. Hoewol't menear Bennet wol besit hat, kin dat nei syn dea allinnich mar oergean op in manlike erfgenamt. By syn ferstjerren krije syn dochters dus neat. Dêrom wol frou Bennet, de mem fan de húshâlding, freeslike graach dat al har dochters mei in goede, rike man trouwe. Se makket plannen om dat slagje te litten, mar dy mislearje gauris. Dat se har sa drok makket oer jild en oansjen makket har wat oerflakkich en ferfelend. Mar úteinlik wol se it bêste foar har dochters. Austen brûkt it personaazje fan de mem om sjen te litten hoe wichtich it is foar jonge froulju om te trouwen.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pride and Prejudice waard yn 2002 opnaam yn de list fan Wichtichste Boeken út de Wrâldliteratuer, gearstald op ynisjatyf fan de Noarske boekeklups en de Sweedske Akademy.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.