Springe nei ynhâld

Potentinus

Ut Wikipedy
Potentinus
   hillige
Potentinusbyld yn de Kastortsjerke fan Treis-Karden
Potentinusbyld yn de Kastortsjerke fan Treis-Karden
persoanlike bysûnderheden
berteplak Akwitaanje (?)
stjerdatum tsjin it ein fan de 4e iuw
stjerplak Karden
hillichferklearring
hjeldei 18 juny
attributen pylken, lâns

Potentinus en syn soannen Felisius en Simplisius wiene leken, dy't yn de 4e iuw libben en yn Dútslân as hilligen fereare wurde. Tegearre mei Sint-Kastor stifte Potentinus mei syn soannen yn Karden in kleaster, dat oant de sekularisaasje yn 1802 bestie.

In 9e-iuwske oerlevering beskriuwt Potentinus as immen út in aadlik skaai út Akwitaanje, dy't mei syn soannen op beafeart nei Trier gyng. Biskop Maksimus fan Trier rikkemandearre Karden oan om dêr harren libben oan God te wijen en sa kamen Potentinus en syn soannen by de lettere hillige Kastor, dy't dêr as hearremyt libbe.

Neffens in 14e-iuwske oerlevering soe Potentinus de soan fan in heidenske kening fan de Franken wêze. Potentinus hie him bekeard ta diaken en waard letter biskop fan Paderborn. As biskop besocht er syn suster, dy't ek op it kristlike leauwe oergien wie, te ferlossen út har heidenske omjouwing, mar de heidenen tamtearren him mei pylken en ûnthalzen him.[1]

Potentinusskryn (Musée du Louvre)

De reliken fan Potentinus en syn soannen kamen yn it jier 920 yn it kleaster Steinfeld yn 'e Eifel.

Mei de Frânske besetting fan de lofter kant fan de Ryn waard it kleaster yn Steinfeld opheft en de skryn nei Parys brocht. Sûnt 1828 wurdt de skryn dêr yn it Louvre bewarre.

De feestdei fan Potentinus en syn soannen is op 18 juny fêststeld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Potentinus.