Springe nei ynhâld

Portsmouth

Ut Wikipedy
Portsmouth
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Regio Súd East Ingelân
Greefskip Hampshire
Sifers
Ynwennertal 207.100 (2010)
Oerflak 40,25 km²
Befolkingsticht. / km²
Stêdekloft 1.547.000 (2010)
Oar
Stifting 1194 (stedsrjochten)
Tiidsône GMT (UTC+0)
Simmertiid BST (UTC+1)
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjeel westee Portsmouth
Dizze side giet oer de stêd yn Ingelân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Portsmouth (betsjuttingsside).
Lizzing yn Ingelân

Portsmouth (Nederlânsk, âldfrinzich: Portsmuiden) is in havenstêd yn it súdeasten fan Ingelân yn it greefskip Hampshire oan de seestrjitte de Solent. De stêd (city) leit op in eilân (Portsea) skean foar it súdlik lizzende Isle of Wight oer. It plak leit 103 km súdwestlik fan Londen en 31 km súdeastlik fan Southampton.

Ald Portsmouth

It militêr bedriuw spilet fanâlds in grutte rol yn de stêd. De marinebasis Portsmouth is de grutste militêre haven fan Jeropa. Likernôch de helte fan alle skippen fan de Royal Navy lizze dêr, ûnder oaren alle fleandekskippen. Teffens sit it Underseeboattreningssintrim Gosport en it haadkertier fan de Royal Navy yn de stêd. De marine is dêr sadwaande in grutte ekonomyske faktor en de grutste wurkjouwer.

28 juny 2005 wie foar de haven fan Portsmouth, de grutste floatskou fan alle tiden, dat barde yn it ramt fan de fiering fan de 200e jierdei fan de Slach fan Trafalgar. 167 skippen (74 fan de Royal Navy) út 36 lannen dienen der oan mei.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Soannen en dochters fan Portsmouth

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]