Springe nei ynhâld

Pontus

Ut Wikipedy
provincia Pontus et Bithynia

Pontus (yn it Gryksk: Pontos) is de namme fan in gebiet yn it noarden fan it sintrale part fan de Swarte Seekust fan Lyts-Aazje. De krite leit tsjintwurdich yn Turkije en grinzet oant Kappadoasje en Armeenje.

Oan de kust leien destiids Grykske koloanjes as Trapezus en Sinope.

De namme is ôfkomstich fan ien fan de generaals fan Aleksander de Grutte dy't nei Aleksander syn dea in ryk stifte yn it noarden oan de Swarte See. Dat ryk waard letter troch Julius Caesar ferovere foar it Rome.

Yn 281 f.Kr. ûntstie it Keninkryk Pontus dat har fierder territoriaal útwreide. Nei de oerwinning fan de Romeinke generaal Pompejus yn de Tredde Mitridatyske Kriich dielde dy sawat hiel Pontus op ûnder de hearskers fan de omlizzende riken, wylst hy in protte stêden selsstannich makke. Lang om let waard de omkrite lykwols tegearre mei Bithynia opnaam yn it Romeinske Ryk en omfoarme as de provinsje provincia Pontus et Bithynia (63 f.Kr.).

Ut de bloeitiid fan it keninkryk Pontus binne munten bewarre bleaun mei prachtige karakteristike portretkoppen fan inkele keningen. De ôfbyldingen fan Mitridates III en Pharnaces I (oerpakke fan Mitridates VI) binne hichtepunten yn de hellenistyske muntkeunst. Op dy munten komme ek idealisearre koppen foar.

Keppeling omt utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]