Plan E (spoarweireau)
Plan E | ||
Plan E rydtúch B 6609 | ||
Algemien | ||
Oantal | 196 | |
Fabrikant | Werkspoor Beijnes | |
Boujier | 1953 | |
Yntsjinststelling | 1954 | |
Ut tsjinst | Fanôf 1979 | |
Ferfierder | NS | |
Gewicht | 45 ton | |
Uterste faasje | 140 km/o | |
Sitplakken | ||
Sitplakken 1e klasse | 48 | |
Sitplakken 2e klasse | 72 | |
Tal klapstuollen | 12 | |
Tal steanplakken | 40 |
Plan E is in searje fan 196 stielen reauwen foar troch lokomotiven lutsen treinen foar de lange ôfstân, dy't yn 1953 troch de NS by Werkspoor en Beijnes besteld waarden, om de houten weinen yn de binnenlânske tsjinst te ferfangen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Plan E reauwen kamen fan 1954 ôf yn tsjinst mei in blauwe kleur (Prusysk blau ), ôfset mei sângiele biezen. De reauwen Plan E hawwe oant de komst fan de intercityreauwen begjin jierren tachtich foar in grut part riden op de tsjinst tusken Zandvoort oan See en Maastricht / Heerlen. Dy treinen bestiene út in grut tal rydtugen dy't meastentiids lutsen waarden troch in lokomotyfsearje 1200. Dêrnjonken kamen se foar op ûnder oare de ferbining fan Amsterdam nei Ynskedee.
Nei de komst fan de intercityreauwen op de ferbining nei Limboarch skode it oerbliuwsel troch nei de Iselline Swol – Roosendaal– Flissingen ta ferfanging fan it noch âldere Mat '46. Om't de treinstammen dêr koarter wiene as de treinen nei Limboarch wie de lûkkrêft meastentiids in lokomotyf searje 1100.
Diselspoarlinen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de santiger jierren ûntstie as gefolch fan de útwreiding fan de tsjinstregeling in matiereeltekoart op de diselspoarlinen. Om dat op te fangen waarden inkelde twaddeklasreauwen Plan E ferboud foar ynset op diselbaanfakken. Fanwegen de reedlik koarte treinen dy't dêrmei formearre waarden, waarden yn stee fan de ynset fan in reau earste klasse inkelde twaddeklasreauwen mei mar in lytse earsteklasse-ôfdieling.
De lêste reauwen foar de passazjierstsjinst waarden yn 1988 út de tsjinstregeling helle. Se hiene noch de oarspronklike blauwe kleur, dy't yn de jierren santich alline oanfolle waarden mei ljochblauwe reklamestripen. Acht reauwen binne nei musea gien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |