Springe nei ynhâld

Medalje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Plak (medalje))
Ferskate medaljes.

In medalje is in lyts, rûn (of soms ovaal of sels rjochthoekich), plat, metalen foarwerp, dat útrikt wurdt by wize fan priis of ûnderskieding as immen in bysûndere prestaasje ferrjochte hat. Yn 'e regel binne der op 'e platte kanten (of allinnich op 'e foarkant) ôfbylding(s) oanbrocht, faak mei in tekst derby dy't de gelegenheid oanjout wêrfoar't de medalje útrikt is. Medaljes binne sadwaande taastbere symboalen fan it oantinken oan dyselde gelegenheid.

It begryp 'medalje' is nau ferbûn mei in 'lintsje', in 'betinkingsmunt' en in 'earepeinje'. Dizze termen rinne yn it deistich taalgebrûk yninoar oer. In protte medaljes binne foarsjoen fan in lint dêr't men it mei om 'e hals drage kin. Oaren kinne op 'e klean spelde wurde, en wer oaren binne tinkpeinjes, wêrfan't it net de bedoeling is dat se droegen wurde.

By medaljes giet it faak om militêre ûnderskiedings of om sportprizen. Yn 'e sportwrâld is it wizânsje om foar it earste plak in goudene medalje út te rikken, foar it twadde plak in sulverne medalje, en foar it trêde plak in brûnzene medalje. Meastal, mar net altyd, binne stjerren, krusen en ridderoarders heger yn oansjen as medaljes. In earemedalje ferbûn oan 'e Húsoarder fan Oranje is sa'n útsûndering. In medalje foar moed sil yn it maatskiplik ferkear ek heger oanslein wurde as in ridderoarder dy't men inkeld út hoflikheid ûntfangt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.