Pippa Middleton
Philippa Charlotte "Pippa" Middleton (Reading, 6 septimber 1983) wie ien fan de tsjûgen en begelieders fan de fjouwer breidsfamkes en twa breidsjonkers by it houlik fan William fan Wales en Catherine Middleton op 29 april 2011.
Pippa is de iennige suster fan Catherine, hartoginne fan Cambridge en skoansuster fan William, hartoch fan Cambridge. Sy wurket as feestorganisator yn it bedriuw fan hat âlden. Har mem rjochte midden jierren 80 it postoarderbedriuw Party Pieces op. It pear waard der miljonêr mei.
Lykas har suster gie se nei St. Andrews School yn Pangbourne, dêrnei Downe House, in kostskoalle foar famkes yn Cold Ash en doe nei Marlborough College yn Wiltshire. Nei de middelbere skoalle folge sy har suster nei Skotlân en studearre Ingelske literatuer oan de Universiteit fan Edinboarch. Yn 2008 wie sy klear mei de stúdzje.
Meidat har suster in relaasje hie mei prins William, krige har sosjale libben en libbensstyl in soad omtinken yn de media.
By it keninklik houlik fan har suster waard Middleton priizge foar de jurk dy't se oan hie en waard har (kreaze) ferskining wiidweidich besprutsen yn de Westerske media.
Op 20 maaie 2017 troude Pippa Middleton yn it doarp Bucklebury, yn Berkshire, mei miljonêrssoan, autokoereur en belizzingsmanager James Matthews, mei wa't se sûnt july 2016 ferloofd wie. As syn frou stiet se bekend as 'Lady Glen Affric', mei't Matthews erfgenamt fan 'e laird fan Glen Affric (syn heit) is.
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn William & Kate, in telefyzjefilm oer de ferkearing fan har suster, dy't op 18 April 2011 útkaam, waard de rol fan Pippa Middleton spile troch Mary Elise Hayden.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Vriesema, Ingmar (2011). Pippa Middleton. Ut: Het beroemde broer & zus boek. Rap, Amsterdam. s.36-39. ISBN 978-94-004-0291-1.