Piperbus (Swol)

Ut Wikipedy
Piperbus
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Oerisel
plak Swol
adres Ossenmarkt 25
koördinaten 52° 30' 43" NB, 6° 05' 23" EL
bysûnderheden
type bouwurk tsjerketoer
boujier 1454-1463
arsjitekt Berend van Covelens
boustyl letgotyk
oare ynformaasje
hichte 75 m
kaart
Piperbus (Swol-Binnenstêd)
Piperbus

De Piperbus (Nederlânsk: Peperbus, Swolsk: Pèperbusse is in letgoatyske toer yn de Oeriselske haadstêd Swol, dy't by de Basilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming heart. De toer wie oant 2006 it heechste gebou fan de stêd oant de doe reekommen Iseltoer mei 96 meter de heechste waard. De namme Piberbus is de bynamme fan de Us Leaffroutoer om syn foarm dy't op in piperbus liket.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brân fan 1815

Nei't de Us-Leaffroutsjerke yn 1454 reekaam moast der noch in toer boud wurde. Nei alle gedachten waard dêr yn 1463 mei úteinset. De toer waard boud troch stedsboumaster Berend van Covelens. Yn 1477 waard de toer tichtmakke en waard dus in stompe toer dy't doe út twa lidden mei kapitelen en drakeflibers op de hoeken bestie. In jier letter waard besletten de toer te ferheegjen en waard in tredde lid mei in klokkestoel dêr boppe op te mitseljen. Yn 1539 waard in lantearne boppe op de toer boud. Men woe ynearsten in spits op de toer bouwe litte, dochs troch jildbrekme is der doe in platte dak op kommen.

Yn 1669 waard de 115 meter hege toer fan de Grutte of Sint-Michaeltsjerke troch wjerljocht troffen. Dat late ta it ynstoarten fan dy toer. Doe wie de Us-Leaffroutsjerke fannijs fan belang om Swol oansjen te jaan. De tsjerke waard net mear brûkt foar tsjerketsjinsten en wie in wurkplak foar ûnder oaren de oargelbouwers Schnitger tusken 1718 en 1721. Ek die de tsjerke tsjinst as opslachplak foar legerreauwen.

Yn 1727 waard der in sipelfoarmige kapen op 'e toer pleatst. Yn 1809 waard de tsjerke fannijs as gebedshûs brûkt. Yn 1813 waard in Brunswick-oargel oankocht en yn de tsjerke pleatst. Lykwols waard de Us-Leaffroutoer yn 1815 ek troch wjerljocht troffen. De sipelfoarmige kape, de lantearne en in part fan it tredde lid rekken swier skeind. Twa fan de trije wou-klokken fleagen troch it dak fan 'e tsjerke hinne en skansearre de oargel. De klokken waarden dêrnei getten en it dak en oargel weropboud. De toer bleau fan boppe iepen oant 1828 stedsarsjitekt Herman Klinkert de toer mei lantearne weropboude. Ditkear waard de toer mei in koperen koepelfoarmich dak foarsjoen. Dy bekroaning joech de toer de bynamme de "Piperbus".

De toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De toer is boud yn Nederrynske styl en bestiet út trije rjochthoekige lidden en in lantearne mei in koperen koepeldak. It earste lid is de foarhal en tsjinnete is de yngong fan de tsjerke. Yn de foarhal binne in tal keunstwurken. Boppe de yngong is in byldreliëf fan Marije mei lytse Jezus op har skoat. Foar de yngong oer is de efterwand fan de oargel. Under it oargel boppe de yngong hinget in byld fan de aartsingel Michael, de beskermhillige fan de stêd Swol. It twadde lid fan de toer is hjoed-de-dei in lege romte. Eartiids stie dêr in wetterdrukfet, en tsjinne de Piperbus ek as in wettertoer foar de stêd Swol. Dêrboppe is de liedsouder dêr't eartiids de seis liedklokken fan klokkejitter Geert van Wou út 1484-1485 hongen. Allinnich de lytse Marijeklok is bewarre bleaun. Op de râne fan dy klok stiet it opskrift: Maria voror divina loqour fuga demon(i)a + Gherardus de Wou me fecit anno Domini MCCCCLXXXIIII (Marije ik ferkundigje hillige saken en jei de duvels fuort + Gerard de Wou yn it jier fan de Heare 1484). De grutste liedklok waard yn 1714 makke troch Claes Noorden en Albert de Grave, dy't de Michaël neamd is.

Yn dy romte is in ekstra souder oanmakke dêr't de automatyske spieltrommel yn fêstige is. It spyl- en oerwurk fan de grutte wizers binne hjoed-de-dei automatisearre. Dêrboppe is de achtkantige lantearne, dy't yn 1539-1540 troch Jacob van Collen boud waard. Yn de lantearne is it klokkespul. Boppe op de lantearne is in koperen sipelfoarmich dak.

Yn de toer binne 236 treppen.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: