Pieter Tjeerdsma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Pieter (Piet) Tjeerdsma (Garyp, 7 juny 1916 - Beetstersweach, 13 july 2010) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de ARP en letter it CDA.

Tjeerdsma wurke ienentweintich jier by it CNV. Tusken 1971 en 1981 wie er boargemaster fan Wûnseradiel. Hy wie twa perioades (1971-1974 en 1976-1983) lid fan de Earste Keamer.

Hy waard ûnderskieden as Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau en Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Teffens waard him it fersetskrús útrikt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]