Pieter Ploeger
Appearance
Pieter Ploeger (Meeden, 1951) is in keunstner út Ljouwert.
Hy krige syn oplieding oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn Grins. Syn wurk bestiet benammen út skilderijen, tekeningen en grafyk. It wurk is faak kleurryk en figuratyf. Hy besiket it ûnfermogen fan de minsk om fet te krijen op syn omjouwing út te byldzjen. De twifel en tsjinstridige gefoelens moatte by de taskôger oproppen wurde. Syn lânskippen toane faak Fryslân en Grinslân.
It wurk ûntstiet geandewei by it wurkjen, it leit net foarôf fêst. It is in leafhawwer fan grafyske techniken. Foar syn houtfiken brûkt Ploeger de reduksjemetoade, hy stekt mei in guts de foarrige kleur fuort.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |