Pieter Jan Tichelaar
Appearance
Pieter Jan Tichelaar (Makkum, 28 juny 1928 - dêre, 26 augustus 2020[1]), wie direkteur fan BV Tichelaar fan 1964 oant 1985.
Nei in stúdzje Skiekunde yn Delft kaam er by de Keninklike Tichelaar Makkum. Oprjochter en konservator fan de stichting Frysk Ierdewurk-Museum De Waach en oprjochter fan de VVV-Makkum. Ald-bestjoerslid fan ynstellingen op museaal mêd, fan de feriening Klaaiyndustry Nederlân en fan de Algemiene Feriening fan Ierdewurkfabriken. Stimulearre behâld fan de Makkumer buorren. Hy wist it bedriuw frijwat út te wreidzjen mei de produksje fan fliertegels en dakpannen en wurke mei oan publikaasjes op it mêd fan (Makkumer) diggelguod. Hy wie fan 1959 oant 1985 aktyf yn it bedriuw. [2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|