Piet de Boer (hynsteman)
Piet Jan de Boer (Ychtenpolder, 30 desimber 1928 - Gytsjerk, 9 oktober 2008) wie in âld-ynstrukteur fan de Praktykskoalle foar feehâlderij en greidbuorkerij yn Oentsjerk. As hynsteman wie hy in ambassadeur foar it Frysk Hynder.
Yn 1963 kaam De Boer as ynstrukteur oan de praktykskoalle. Piet de Boer rekke bekend troch it mennen fan langspannen. Sa waard hy yn 1989 útnûge foar it Britske keningshûs om mei te dwaan oan de ferneamde East of England Show yn it Ingelske Peterborough. Hy sette doe in rekord mei 23 hynders foar de koets. By de ballonfeesten yn 1995 op De Jouwer ferbettere hy dy prestaasje troch 40 hynders yn te spannen. Yn 1992 rûn hy as palfrenier by Prinskedei njonken de Gouden Koets.
Yn 1994 naam hy ôfskied fan de praktykskoalle. Hy joech dêrnei lêzingen, joech les en naam eksamens ôf. Yn 1997 waard hy beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn 1999 naam hy ôfskied as ynspekteur en sjuerylid foar it Frysk Hynste Stamboek.