Pierre Tetar van Elven
Petrus Henricus Theodorus ( Pierre ) Tetar fan Elven (Sint-Jans-Molenbeek, 30 augustus 1828 - Milaan, 1 maaie 1908) wie in Nederlânsk keunstskilder en etser út de 19e iuw mei in foarkar foar arsjitektuer en lânskippen, stedsgesichten. Hy makke ek in pear sjenrestikken mei lju út de Frânske high society.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pierre wie in soan fan de skilder Johannes Baptist Tetar van Elven (1805-1839) en Sophia Francisca Noll (of Noël). Sophie Hindrik wie syn suster, berne yn 1830 yn Brussel, Joseph Edouard wie syn broer, dy't yn 1832 berne waard yn Amsterdam. De arsjitekt Martinus Gerardus Tetar fan Elven, ien fan de oprjochters fan Arti et Amicitiae, en de keunstskilder Paul Tetar van Elven wiene efterelkoar syn omke en neef. De famylje Tetar fan Elven bewenne in pân yn 'e Spinhuissteeg (nûmer 16). Hy begûn syn oplieding yn Amsterdam, mar giet nei De Haach, dêr't er oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten fierder studearre. Pierre gie om 1853 nei Milaan; yn 1855 wenne er yn Rome. Tusken 1856 en 1863 siet er yn Turyn, dêr't er op 13 maaie 1856 oan Anna Maria Angela Felicita -? Fumao (1831) (of Annette Fumero) boaske. Sy krigen trije dochters. Hy waard foar 1861 beneamd ta hofskilder fan Victor Emanuel II fan Italië en levere in pear skilderijen dy't it Risorgimento stipen. Yn 1866 sette er ôf en reizge miskien mei Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (1837-1900), dy't er in kearmannich portrettearre yn Easterske klaaiïng, nei Tunesië en Turkije. Yn 1869 wenne er yn Parys. Om 1873 ferhuze werom nei Amsterdam en beloek dêr in pân oan de Plantage Muidergracht nûmer 33. Dêr wenne er mei frou en bern. Yn in ûnbekend jier gong er werom nei Milaan, dêr't er stoar. Syn wurk hinget yn Milaan, Genua en Turyn, mar ek yn Haarlim.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Molkemerk oan de Prins Hendrikkade
-
Karel XV syn atelier, 1862
-
Bal Travesti chez le baron Lycklama, 1874
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pierre Tetar van Elven fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|