Pier Steensma
Appearance
Pier Steensma (Harns, 1890 - Amsterdam, 1969) wie in Fryske archeolooch en akwarellist.
Nei it gymnasium studearre er filology oan de Sorbonne yn Parys. Dêrnei hie er ferskaten banen yn binnen- en bûtenlân op it mêd fan de klassike archeology, de numismatyk yn it bysûnder. Op syn reizen lei Steensma âlde monuminten yn akwarellen fêst. Dizze akwarellen makken him ek bûten de akademyske wrâld wol in bytsje bekend. Syn wittenskiplik oeuvre bestiet út in oantal artikels en in stikmannich monografyen.
Bibliografy (monografyen)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- La vie d'Ésope: quelques remarques critiques (z.j.)
- Le grand camée de France (1926)
- Grieksche antiquiteiten (1938)