Springe nei ynhâld

Pier Alma

Ut Wikipedy
Albert Alma
Alma (Ajax-GVAV, april 1965)
Alma (Ajax-GVAV, april 1965)
persoanlike bysûnderheden
namme Albert Alma
bynamme Pierke
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 11 augustus 1939
berteplak Harkema-De Pein
stjerdatum 6 oktober 2000
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
jeugdteams
–1954
1954–1956
De Harkema-De Pein
Ljouwert
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1956–1962
1962–1965
1965–1971
Ljouwert
GVAV
Cambuur
155 (45)
83 (14)
173 (23)

Albert Alma, bynamme Pier of Pierke, (Harkema-De Pein, 11 augustus 1939Ljouwert, 6 oktober 2000) wie in eardere fuotballer út de provinsje Fryslân. Hy kaam û.o. út foar de fuotbalklups GVAV, FVC en SC Cambuur. Yn Fryslân wurdt hy beskôge as it grutte fuotbaltalint sûnt Abe Lenstra. Hy spile as oanfaller en middenfjilder.

Wurkpaad as fuotballer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alma makke op fjirtsjinjierrige leeftyd syn debút yn it earste alvetal fan amateurferieniging Harkema-Opeinde. Hy skoarde fuort trije kear en behoede syn team dat jier foar degradaasje út de Twadde klasse. It jier dêrop gie er nei vv Leeuwarden dat doe betelle fuotbal spile. Op 17 febrewaris 1957 makke hy as rjochtsbûten syn debút yn de Twadde Difyzje yn in wedstryd tsjin Be Quick. It seizoen 1956/57 waard ôfsletten mei it kampioenskip en promoasje nei de Earste Difyzje.

Oant 1962 spile Alma foar Ljouwert. Hichtepunt wie de heale finale yn de finale yn de KNVB beker 1960/61 yn juny 1961 tsjin Ajax. Op neutraal terrein yn Alkmaar wie de útslach 4-7 foar Ajax, nei in 4-4 stân tweintich minuten foar tiid. Alma skoarde ien doelpunt, Henny Weering de oare trije foar Ljouwert. Weering en Alma waarden foar it nije seizoen 1962/1963 oanlutsen troch Earedivisionist GVAV út Grins. Alma wie yntusken útkommen foar de measte fertsjintwurdigjende KNVB-alvetallen, ynklusyf Jong Oranje en Nederlân-B, mar it Nederlânsk alvetal soe er nea helje. By GVAV spile Alma rjochts- of loftsbinnen. Yn 1965 kearde hy werom nei Ljouwert, dêr't yn de tuskentiid SC Cambuur yn it plak komd wie foar vv Leeuwarden.

Pier Alma spile oant syn ôfskied yn 1971 foar Cambuur yn de Earste Difyzje. Fan seizoen 1968/69 ôf wie er teffens oanfierder. Yn syn lêste seizoen kampte hy mei ferskillende blessueres. Nei syn ôfskied waard hy bestjoerslid foar Cambuur. In jier letter gie hy wer fuotballen. Hy kaam terjocht by de amateurferieniging FVC en einige syn bestjoerlike funksjes by Cabuur. Nei it beheljen fan it kampioenskip yn de Tredde klasse mei FVC naam Alma foarfêst ôfskied fan de fuotbalfjilden. By FVC wie hy noch wol aktyf as jeugdtrêner.

Neist en na syn aktive fuotbal wurkpaad wie Alma wurksum as ryksamtner by de belestingtjinst. Ek syn soannen koenen goed fuotbalje. Ien fan syn soannen Frans Alma hat yn de jierren tachtich inkele jierren foar Cambuur spile. Yn 2000 ferstoar Alma op 61-jierrige leeftyd nei in langduerich siikbêd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: