Springe nei ynhâld

Pieltsjerke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pielstjerke)
Pieltsjerke
Fryske krûdkoeke yn Amsterdam foar it behâld fan de tsjerke yn 1957(?)

De Pieltsjerke is in tsjerkegebou oan de Jan Jelles Hofstrjitte yn De Gaastmar, gemeente Súdwest-Fryslân.

Om 1540 hie De Gastmar al in tsjerke. Pastoar Heero Lyoloffsoan hie mei de prebendarius Doythie Jayesoan de ynkomsten út sa’n 55 bunder lân. Fan de Midsiuwske tsjerke binne gjin gegevens bekend, de skoalmaster fan Gaastmar makket om 1850 melding fan dat de tsjerke begjin 18e iuw noch in swiere stompe toer hie., dêr’t de fûneminten noch fan yn de grûn sieten. Neffens Jacob Hepkema siet yn 1890 noch in stien yn de toer dêr’t út blykte dat der yn 1752 in nije toer boud wie.

De trijesidich sluten sealtsjerke út de 19e iuw waard yn 1953 hast hielendal werboud. De houten geveltoer út 1940 mei ynsnoerde spits waard werpleatst. De liedklok út 1519 is getten troch de klokkejitters Geert van Wou en Johannes Schonenborch. De preekstoel komt út de 17e iuw. It oargel út 1890 is makke troch Bakker & Timmenga. De herfoarme tsjerke is in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: