Springe nei ynhâld

Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen

Ut Wikipedy
Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen yn de lykstaasje fan steedhâlder Willem Freark

Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen (Palts, 10 oktober 1613 - Ljouwert, 6 febrewaris 1693) wie in hofmaster fan Willem Freark. Hy wie troud mei Fokje fan Sminia.

Hy kaam om 1641 hinne nei de republyk. Earst wie er sekretaris en letter hofmaster fan Willem Freark en ek fan syn widdo Albertine Agnes. Fan Claerbergen wie in leafhawwer fan de eksakte wittenskip. Sa korrespondearre er mei Constantijn en Christiaan Huygens.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: