Phil Bloom
Phil Bloom (Berkel en Rodenrijs, 27 novimber 1945) is in Nederlânsk keunstnares.
Yn 1965 sette se út ein mei in stúdzje oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach, mar nei ien jier hold se dêr op om oan de ek yn De Haach festige Frije Akademy fierder te studearjen. Fan 1967 oant 1974 studearre Bloom oan de Rietveldakademy yn Amsterdam. Yn har iere karriêre tekene se ûder oare foar it studinteblêd Propria Cures en wurke se oan ôftitelings fan films. Om har tritichste hinne ferfear se foar fiif jier nei New York en dêrnei hat se ek noch in tal jierren yn Yndia wenne.
Hoepla
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mids jierren sechtich waard Phil Bloom opnaam yn 'Fluxus', in tige alternative artistyke beweging. Fluxus hie ûnder mear it doel en brek troch de 'boargerlike sleauwens' fan de mienskip en brûkte Phil dêrfoar as 'brekizer'.
Op 9 oktober 1967 ferskynde de doe 21-jierrige Phil Bloom neaken yn it VPRO-programma Hoepla, in paadsljochtsjende primeur foar de Nederlânske telefyzje. It barren joech in soad opskuor en late sels ta keamerfragen yn de Twadde Keamer en it helle de ynternasjonale parse. Playboy publisearre in ynterview mei har yn de útjefte fan oktober 1968 mei de kop "TV's first nude".
Phil Bloom hie har oars al earder yn 1967 neaken fotografearje litten, nammentlik foar it stânbyld fan het Lieverdje, op it Spui yn Amsterdam. Fierder spile Phil yn 1968 neaken yn de mislearre film Professor Columbus, mei Jeroen Krabbé as hippy-kening.
Dêrnei hie Phil har nocht fan it publike omtinken foar allinne har neakenens. Se hat yn de jierren santich sels noch prosedearre on in útjouwer te behinderjen om oan dy ôfbyldings te fertsjinjen. Yn 1997 siet se wol opnij yn de reiden stoel fan eartiids op de eksposysje Bloomrijk Vlechtwerk yn Noardwâlde.[1]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjeel webstee
- Hoepla 4 teruggevonden! Verboden VPRO-uitzending na veertig jaar voor het eerst te zien Berjocht 4 jannewaris 2008, VPRO
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Phil Bloom fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|