Petrus Wernérus Adam Immink

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Petrus Wernérus Adam Immink (Stolwijk, 4 jannewaris 1908 - Haren, 21 septimber 1965) wie in Nederlânsk rjochtshistoarikus en heechlearaar.

Immink studearre rjochten yn Utert fan 1926 oant 1931. Dêrnei waard er dêr amtner en yn syn frije tiid wurke er yn it Utersk Ryks- en Gemeenteargyf. Yn 1942 promovearre Immink mei it proefskrift De wording van staat en souvereiniteit in de middeleeuwen. Een rechtshistorische studie in het bijzonder met betrekking tot het Nedersticht. Eerste deel. Itselde jier skreau er noch in artikel oer de Stedsfrijheid fan Utert. Nei de Twadde Wrâldkriich wie Immink ynearsten ferbûn oan de Universiteit Utert; dêrnei wie er fan 1946 oant 1965 heechlearaar yn Grins. Hy joech ûnder oaren Aldnederlânsk rjocht en hat mear as ien wittenskiplike stikken publisearre. Ta syn mêd hearde de foarming fan straf en strafrjocht oant likernôch de tiid fan it Frankyske Ryk. Njonken dat wie Immink ûnder oaren in skoft foarsitter fan de Vereniging voor Terpenonderzoek.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • R. Feenstra, IMMINK, Petrus Wernérus Adam (1908-1965) , op: Huygens Instituut voor Nederlandse Geschiedenis
  • M. Hildebrandt, Vrijheid en straf. Ontstaan en ontwikkeling van straf en strafrecht in het denken van P.W.A. Immink (1908-1965), Kluwer 2005, [1]