Springe nei ynhâld

Petrus Johannes Blok

Ut Wikipedy
Petrus Johannes Blok.

Petrus Johannes Blok (De Helder, 10 jannewaris 1855 - Leien, 24 oktober 1929) wie in Nederlânsk histoarikus.

Hy die de Latynske skoalle te Alkmaar en studearre dêrnei Klassike talen yn Leien. Yn 1884 waard er heechlearaar Algemiene Skiednis en Skiednis fan it Heitelân yn Grins dêr't er de oantrún ta de útjefte fan it Oarkondeboek fan Grinslân en Drinte (1895-1899, 2 dielen) joech. Yn 1894 waard er de opfolger fan Robert Fruin op de Leienske learstoel Skiednis fan it Heitelân. Blok wie fan betinken dat it syn plicht wie om it nasjonale ferline sprekke te litten om it folksbewustwêzen fuort te sterkjen. Hy wie ien fan de redakteuren fan it Nij Nederlânsk Biografysk Wurdboek, in yn tsien delen ferskynde ensyklopedy fan wichtige Nederlanners út it ferline.

Blok stichte yn 1904 it Koninklijk Nederlands Instituut Rome, om de stúdzje fan stikken út de Faitikaanske argiven ienfâldiger te meitsjen. It ynstitút hat wilens fral keunsthystoaryke doelstellings.

Pieter Jelles Troelstra en Izaak Gosses wiene by syn promovendy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]