Peter Krause

Ut Wikipedy
Peter Krause
akteur
Peter Krause (2013)
Peter Krause (2013)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter William Krause
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 augustus 1965
berteplak Alexandria (Minnesota)
etnisiteit flagge fan Dútslân Dútsk
Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje Ingelsk
jierren aktyf 1987-no


Peter William Krause (Alexandria, 12 augustus 1965) is in Amerikaanske akteur fan Dútsk en Ingelsk etnysk komôf.[1]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn âlden, Wanda Marie Krause (berne Johnson) en William Popham "Bill" Krause, wiene beide leararen yn Minnesota. Hy waard grutbrocht yn Roseville, Minnesota, in foarstêd fan St. Paul, en hat in suster en in broer, Amy en Michael.

As tsiener wie Krause aktyf yn atletyk en gymnastyk en gie er nei de Alexander Ramsey High School yn Roseville. Hy studearre yn 1983 ôf oan dy middelbere skoalle.
Hy studearre ôf oan Gustavus Adolphus College yn 1987 en helle dêrnei in master (Master of Fine Arts) oan de Universiteit fan New York (1990). Hy wurke njonken syn stúdzje as barman yn New York.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krause spile fan 1987 ôf yn in tal films en telefyzjesearjes. Hy krige mear bekendheid troch syn langer rinnende rollen as Casey McCall yn de Night (1998 -2000) en as Nate Fisher yn Six Feet Under (2001 -2005). Foar syn rol yn Six Feet Under, waard er meardere kearen nominearre foar in Primetime Emmy Award, Emmy Award en de Golden Globe. Yn 2003 en 2004 wûn er dêrfoar in Screen Actors Guild Award. Hy spile haadrollen yn ferskate searjes. Fan 1998 oant 2000 spile er Casey McCall yn Sport Night; fan 2001 oant 2005 spile er Nate fisher yn Six Feet Under; yn 2007 en 2008 spile er in haadrol yn de searje Dirty Sexy Money, dy't lykwols fanwege tsjinfallende sjochsifers fan de buis helle waard; fan 2010 oant 2015 spile er Adam Braverman yn de searje Parenthood; yn 2016 en 2017 spile er Benjamin Joes yn The Catch en fan 2018 oant no spilet er Bobby Nash yn 9-1-1.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Peter Krause op Ethnicelebs.com

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Krause References, op dizze side.