Pestboskje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pestboskje yn Vlietpolder by Ofwegen.

In pestboskje is in boskje dêr’t fee bedobbe is dat deagien wie oan besmetlike kowestjerte. Dit koe de pest wêze, mar ek tongblier. In ekstra gefaarlike fariant fan in pestboskje is it myltfjoerboskje. De myltfjoerspoaren (antraks) kinne wol hûndert jier yn de grûn sitten bliuwe.

Meastentiids waarden de kadavers fier fan de pleats bedobbe en de kadavers waarden bedekt mei ûnleske kalk, in ein it lân yn. Op sa’n plak moch nea wer fee rinne om nije besmetting foar te kommen en it waard dêrom safolle mooglik mijd. Omdat de wegen net sa goed begeanber wienen koenen de kadavers net ôffierd wurde. Der waard dan in sleat om it begraafplak groeven, sadat it fee der net by koe. Op de ûntstiene eilantsjes mocht net mear weide of haaid wurde en se rekken dan meast fansels begroeid mei beammen as els, esk, wylch, kûtsekraal en protterbei. Yn dizze fegetaasje koe in spesifike fauna ûnstean. It hout waard wol as geriifhout brûkt lykas foar branje en peallen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]