Springe nei ynhâld

Kowestjerte

Ut Wikipedy

Kowestjerte is it op grutte skaal dea wurden fan it fee. De oarsaak binne syktmen as feepest, tuberkuloaze, tongblier en myltfjoer. It binne tige besmetlike syktmen en in part fan it grutte tal deade bisten komt troch de beslissings bisten dy't siik binne daalks dea te meitsjen, en soms ek alle oare bisten op deselde pleats. Mei de waakst fan it tal kij op in pleats yn de 20e iuw hat sa'n maatregel no in grut tal deade bisten as gefolch. Om't dy deade bisten net slachte wurde kinne, wurde dy ophelle en ferbaarne. Eartiids waarden deade bisten fanwegen it gefaar fan besmetting net ferfierd mar op it lân fan de boer begroeven. As warskôging wêr't de syktme yn 'e grûn siet waard der in boskje oanplante, in pestboskje.

Dit artikel is in stobbe oer biology.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.