Springe nei ynhâld

De Swalkers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Peredvizjniki)
Selsportret Perov, 1879
Repin, 1878
Vasili Soerikov.

De Swalkers (Russysk: Передвижники, Peredvizjniki) wie in groep Russyske keunstskilders út de lette 19e - begjin 20e iuw. Harren keunst wurdt ta it Realisme rekkene. Hja fersetten harren tsjin de beheinings dy't de keunstakademy fan Sint-Petersburch harren oplei en foarmen dêrom in gearwurkingsferbân.

It doel fan de Swalkers wie om de keunst tichter by de minsken te bringen. Dêrom wiene har skilderijen faak sosjaal-kritysk. Dizze keunstners waarden stipe troch mesenas Pavel Tretjakov, waans kolleksje letter ûnderbrocht waard yn de Tretjakovgalery.

Letter waard harren keunst as foarbyld steld foar de Sowjet keunst, it sosjalistysk realisme.

Wichtige leden fan De Swalkers wiene:

Oaren:

Tentoanstellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wolgaslepers, twadde ferzje, 1873

Fan 15 desimber 2001 oant en mei 7 april 2002 wie der in tentoanstelling Het geheim van Rusland mei it wurk fan Ilja Repin yn it Grinzer Museum.
Fan septimber 2016 oant begjin april 2017 waard de tentoanstelling Peredvizhniki - Russisch Realisme rond Repin 1870-1900 yn it Drintsk Museum yn Assen holden. Dêr waarden doe 72 wurken út it Russysk Museum yn Sint-Petersburg útstald, ûnder oaren Ilja Repin syn ferneamde skilderij de Wolgaslepers".[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

+