Pembapappegaaido

Ut Wikipedy
Pembapappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron pembaensis
Pakenham, 1940
IUCN-status: gefoelich

De Pembapappegaaido (Treron pembaensis) is in endemyske fûgel op it eilân Pemba yn 'e Yndyske Oseaan fan it skaai pappegaaidowen út de famylje dofûgels Columbidae. De seldsume fûgel waard op 12 jannewaris 1940 troch Richard Hercules Wingfield Pakenham sammele en letter beskreaun.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 25 sm lange do is in lytsere pappegaaido, dy't heech yn 'e beammen libbet. De folwoeken fûgels binne grien en ha in grize kop, nekke, boarst en búk. Op it skouder hat de fûgel in pearse flek en de fearren fan 'e ûndersturt en anaalsstreek hawwe in skobbich patroan fan griengiele, kastanjebrune en krêmkleuren.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte is endemysk op it eilân Pemba en de oanbuorjende eilantsjes. Pemba leit 55 km fan 'e Noard-Tanzaniaanske kust yn 'e Yndyske Oseaan. De fûgel libbet yn tichte tropyske wâlden, mar hat him oanpast oan sekundêr bosk, plantaazjes en tunen en boud somtiden it nêst by hûzen. De fûgels komme op it grutste part fan it eilân foar, mar it meast yn 'e bosken Ngezi (14 km²) en Msitu Mkuu (3 km²).

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen it beheinde ferspriedingsgebiet is der in kâns op útstjerren. BirdLife International rûsde de popululaasje yn 2016 op 2.500 oant 10.000 fûgels, mar it oantal nimt ôf mei 't der biotoop ferdwynt. De nagelplantaazjes waarden ferfongen troch de tylt fan rys en kassava, itjinge ta mear iepen lânskip late, dat foar de fûgel net geskikt is. Ek de befolkingsdruk nimt mei it hege bertesifer yn Tanzania ta, itjinge liedt ta ferdwining fan bosk. Dêrom stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as kwetsber.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: