Pearse pipertuolle
Pearse pipertuolle | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Russula sardonia | ||||||||||||
Fr (1838) | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
waarnimmings gjin gegevens gjin befêstige waarnimmings net-Europeeske lannen. |
De pearse pipertuolle (Russula sardonia; synonimen: R. drimeia, R. chrysodacryon en R. emeticiformis) is in poddestoel út de famylje Russulaceae.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hoed fan 'e pearse pipertuolle is pears oant donkerread en likernôch 4 oant 10 sm grut mei by it âlder wurden yn 'e midden in dûk. Jonge poddestuollen binne heal bolfoarmich. De plaatsjes binne ljocht giel oant rjemmekleurich en steane ticht op inoar.
De 1-1,5 sm dikke stâl fan 'e pearse pipertuolle is yn 'e regel donkerread of -pears fan kleur en wat koarter as de trochsnit fan 'e hoed. De stâl is glêd en wurdt by it âlder wurden spûnseftich. De spoareprint is ljocht okergiel.
Ut en troch wurdt de soarte yn 'e typyske kleurfoarmen giel of grieneftich oantroffen. Sûnder mikroskopysk ûndersyk binne sokke eksimplaren dreech te determinearjen. Soarten dy't op 'e pearse pipertuolle lykje binne de spientuolle (R. caerulea), de appelrooktuolle (R. torulosa) en de poarperreade tuolle (R. queletii).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn Europa foar. Yn it suden fan Súd-Amerika en Súd-Afrika is de pearse pipertuolle yntrodusearre. It is in algemien soarte dy't op soere en sânige grûn by dinnebeammen yn 'e bosk en op heidefjilden op 'e grûn te finen is.
Ytberens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pearse purpertuollen rûke nei fruit. Se binne net ytber en smeitsje bitter en skerp. Wurde se iten dan kinne se maach- en termklachten feroarsaakje.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Poddestoelen yn Fryslân
- (ned) Ferspriedingatlas yn Nederlân
- (ned) Soartebank
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Skimmelsoarte
- Echte tuolle
- Poddestoel
- Lânseigen skimmel yn Andorra
- Lânseigen skimmel yn Belgje
- Lânseigen skimmel yn Bulgarije
- Lânseigen skimmel yn Denemark
- Lânseigen skimmel yn Dútslân
- Lânseigen skimmel yn Eastenryk
- Lânseigen skimmel yn Estlân
- Lânseigen skimmel yn Fatikaanstêd
- Lânseigen skimmel yn Finlân
- Lânseigen skimmel yn Frankryk
- Lânseigen skimmel yn Fryslân
- Lânseigen skimmel yn Gibraltar
- Lânseigen skimmel yn Grikelân
- Lânseigen skimmel yn Guernsey
- Lânseigen skimmel yn Hongarije
- Lânseigen skimmel yn Ierlân
- Lânseigen skimmel yn Ingelân
- Lânseigen skimmel yn Yslân
- Lânseigen skimmel yn Itaalje
- Lânseigen skimmel yn Jersey
- Lânseigen skimmel yn Kroaasje
- Lânseigen skimmel yn Lychtenstein
- Lânseigen skimmel yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen skimmel yn Man
- Lânseigen skimmel yn Monako
- Lânseigen skimmel yn Montenegro
- Lânseigen skimmel yn Nederlân
- Lânseigen skimmel yn Noard-Ierlân
- Lânseigen skimmel yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen skimmel yn Noarwegen
- Lânseigen skimmel yn Poalen
- Lânseigen skimmel yn Portegal
- Lânseigen skimmel yn Roemeenje
- Lânseigen skimmel yn San Marino
- Lânseigen skimmel yn Skotlân
- Lânseigen skimmel yn Sloveenje
- Lânseigen skimmel yn Slowakije
- Lânseigen skimmel yn Spanje
- Lânseigen skimmel yn Sweden
- Lânseigen skimmel yn Switserlân
- Lânseigen skimmel yn Tsjechje
- Lânseigen skimmel yn Wales
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Sily
- Eksoat yn Súd-Afrika