Pauline Musters
Pauline Musters (Ossendrecht, 26 febrewaris 1876 - New York City, 1 maart 1895) wie in Nederlânske frou dy't op it momint fan har ferstjerren mar 59 sintimeter lang wie, en dêrmei troch it Guinness Book of World Records erkend wurdt as de lytste persoan ea.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By har berte yn 1876 wie Musters al heal sa lang as har úteinlike lingte. Fan bern ôf oan toerde hja rûn; ynearsten allinnich mar op tentoansteld te wurden, mar op lettere leeftiid begûn se echt werklik op te treden. Se stei bekend as in linige akrobate en dûnseresse, en wiisde geregeld besikers fan har foarstelling oan om mei te dûnsjen. By it publyk wie se bekend ûnder de artystenamme Prinses Pauline, en yn line mei dizze bynamme ferskynde se faak yn sjike jurken.
Yn hat karriêre trede Musters op yn Belgje, Frankryk, Dútslân en Ingelân, wêrnei't se yn 1894 frege waard om yn de Feriene Steaten foarstellingen te jaan. Se debutearre op âldjiersjûn fan dat jier yn it Proctor’s Theatre yn New York City. Trije moannen letter, op 1 maart 1895, kaam se te ferstjerren troch in long- en harsensfluesûntstekking. By har dea woech se 4 kilogram.
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) TheHumanMarvels.com: Pauline Musters, the Little Princess
- Guinness Book of Records 2005. ISBN 0851121926