Paul Sawyier
Paul Sawyier (Madison County (Ohio), 23 maart 1865 - Fleischmanns, Delaware County (New York) 5 novimber 1917) wie in Amerikaansk keunstskilder. Hy wurdt rekkene ta it Amerikaansk ympresjonisme.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sawyier waard berne op de pleats fan syn pake en waard fan syn fyfde jier ôf oan opbrocht yn Frankfort, Kentucky. Nei de highschool gie er nei de keunstakademy yn Cincinnati. Yn 1889 studearre er fierder oan de Art Students League of New York, ûnder William Merritt Chase, dy't him bot beynfloede hat.
Sawyier syn wurk is impresjonistysk. Faak brûkte er wetterferve. Hy skilderde lânskippen yn Frankfort (faak by de Kentucky Rivier, dêr't er faak fiske) en letter stedsgesichten yn New York City, meast en plein air. Yn 1893 waarden ferkate fan syn wurken útstald op de World's Columbian Exposition yn Chicago.
Fan 1913 oant syn dea wenne en wurke Sawyier tegearre mei syn grutte leafde Mary 'Mayme' Bull yn in ferboude kapel op "Highpoint", de bûtenpleats fan syn beskermfrou Marshall Emory yn Catskill, New York. Hy stoar yn 1917 oan in hertoanfal, yn de âldens fan 52 jier.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
In reinige dei yn Lexington
-
De sjongende brêge, Frankfort
-
Prospect Park
-
Botanyske tunen yn Brooklyn
-
Stedsgesicht
-
Fiskklup, Jamaica Bay
-
Lower New York
-
Jamaica Bay
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Arthur E. Jones: The Art of Paul Sawyier, The University Press of Kentucky, Lexington, 1975
- William Donald Coffey: Paul Sawyier; Kentucky Artist, Frankfort Heritage Press, Frankfort Kentucky, 2010.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Paul Sawyier fan Wikimedia Commons. |